Gewest Fryslân fan 1 septimber 2018 17:00

Juny 1993 wie de grutte dei foar Piet de Boer fan Oentsjerk. Hy spande 25 (!) Fryske hynders foar syn sjeas. En hie se allegear oan de leie. De reportaazje folget dit wrâldrekôr. It slagge ek noch. Hiel bysûndere dei foar Fryslân.

De reportaazje oer Fryske skoalradio komt út 1973. Doe al wie der Fryske telefyzje yn de foarm fan Teleboerd. Tekeninkjes op de telefyzje. In wize wêrop't je doe media brûkten foar ûnderwiis, benammen yn it Frysk.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)