Gewest Fryslân fan 1 july 2017 17:00

De útstjoering kaam fan 1977. En gie oer Abe Bonnema, de arsjitekt út Hurdegaryp. Doe wie alles wat hy meitsje litte soe noch net iens dien, mar wol wie dúdlik dat net elkenien Bonnema syn styl begripe koe. Hy leit it út, mar wit ek dat syn wurk altyd in gefjocht wêze soe tsjin de gongbere miening. In yngreven reportaazje.

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)