Geert yn de middei fan 9 april 2015 13:00

    Op tongersdei spilet de koer in wichtige rol. De koer wie by Mattie van Bruggen yn Drachten en we belje har noch efkes om te hearren wêr't sy de koer foarige wike hinne stjoerd hie en wêrom. We hearre yn de rin fan de middei wa't de koer krigen hat, wat der yn sit en wêr't de koer wer hinne giet.

    Stichting Rijk voor Arm hat einliks har eigen kantoar/winkel. Driuwende krêft efter dizze stifting en ek de foarsitter is Simon de Jong. Hy leit út wat de stifting docht.

    De allerlangste catwalk fan Fryslân is sneon yn Easterwâlde. Dêr moatte we mear fan witte. We belje mei Jessica Simons fan de organisaasje.

    We belje ek efkes mei Saskia Bak, de direkteur fan it Fries Museum. It Fries Museum striidt noch mei foar de Museumpriis 2015. We kinne noch stimme oant snein 12 april op www.museumprijs.nl/friesmuseum.

    Op 10 en 11 april is der yn it wurkgebiet fan wyldbehear "tusken waed en stêd" it jierlikse tellen fan reewyld. Wêrom se dat dogge hearre we fan de foarsitter De Vries út Sint Anne.

    Jessica Simons oer de langste catwalk fan Fryslân yn Easterwâlde

    • Jessica Simons oer de langste catwalk fan Fryslân yn Easterwâlde

    Simon de Jong fan Stichting Rijk voor Arm út Ljouwert

    • Simon de Jong fan Stichting Rijk voor Arm út Ljouwert

    De koer kaam dizze wike by Anneke Jagersma yn Drachten

    • De koer kaam dizze wike by Anneke Jagersma yn Drachten

    Direkteur Saskia Bak fan it Fries Museum oer it stimmen foar de Museumpriis 2015

    • Direkteur Saskia Bak fan it Fries Museum oer it stimmen foar de Museumpriis 2015

    Geert van Tuinen komt efkes del!

    • Geert van Tuinen komt efkes del!

    Nei wiken fan ôfwêzigens wie er hjoed samar ynienen efkes yn 'syn' eigen studio: Geert van Tuinen. Heal maart rekke Geert út it wurk troch in swier hertynfarkt. De wiken dêrnei stiene yn it teken fan revalidaasje. En dat docht him goed, want troch al dat sporten fielt Geert him best wol hiel goed. Tongersdeitemiddei wie Geert efkes by Femke yn 'e studio en seach er werom op de ôfrûne wiken.

    13:08 - Kenny Wayne Shepherd Band - Blue On Black
    13:14 - Diff - Jealousy
    13:18 - The Kilkennys - South Australia
    13:24 - Vangrail - Stjoerleas
    13:33 - Diana Ross - Upside Down
    13:36 - Simply Red - Stars
    13:40 - Die Twa - Eachkontakt
    13:47 - Charli Xcx - Boom Clap
    14:05 - Vanessa Paradis - Be My Baby
    14:10 - Gers Pardoel - Louise
    14:14 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
    14:22 - Frank Sinatra - Chicago
    14:25 - Mariah Carey - Vision Of Love
    14:28 - Gurbe Douwstra - Ik Wol Hjir Wei
    14:34 - Kool & The Gang - Joanna
    14:45 - Keane - Somewhere Only We Know
    14:53 - Anouk & Douwe Bob - Hold Me
    15:05 - Gilbert O'sullivan - Matrimony
    15:11 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
    15:16 - Kurt Darren - Loslappie
    15:25 - Rock Allround - Hald Fest
    15:31 - Little Steven - Bitter Fruit
    15:40 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
    15:53 - Underdog Project, The Vs. Sunclub - Summer Jam 2003
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)