Geert yn de middei fan 8 septimber 2015 13:00

It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. Dit kear sykje wy foar Klaske Postma it resept fan it gerjocht mei de namme "kâld grôt". Klaske krige dat as bern thús altyd as it waarm waar wie. Klaske wit noch dat it makke waard fan parelgrôt en dan kâld wurde litte en wat kâlde molke der oer hinne. Mar hoe't it no krekt makke waard, dat wit se net mear. Miskien dat ien fan de harkers it noch wit?

Dita Huisman is koster fan de Sint Pitertsjerke yn Grou. Ferline jier is der nochal wat koper stellen by de tsjerke en dieven namen ek de moaie âlde wetterpomp mei. Skande, want it wie altyd sa'n moai plakje by de tsjerke, dêr't in soad foto's makke waarden. No hinget der by de wetterput in keale planke. Dus Dita siket in âlde wetterpomp, it leafst net fan koper. Hat immen noch in âlde wetterpomp op souder lizzen, dy't in plakje by de tsjerke krije mei?

Nelie de Vries siket út namme fan Minke de Boer it boek Aslak's Marga. Dit boek hat Minke yn har bernejierren tsientallen kearen lêzen. It giet oer de man Aslak, dy't yn in in Skandinavysk lân wennet. Op in dei fynt er in lyts famke en neamt har Marga. Hy bringt har grut. It boek is al sa'n 60 oant 65 jier âld. Wa hat it noch lizzen?

En Anneke Groeneveld hat in hiel soad tekeningen fan houtsnijwurk. Bygelyks fan dienblêden, mangelplanken, naaidoaskes, etc. Dat wie eartiids hiel populêr om hjir karboanpapier op te lizzen en dan oer te lûken en út te snijen. No lizze al dy tekeningen op souder en Anneke docht der neat mei. Is der immen dy't se der bliid mei meitsje kin?

Wy belje efkes mei Jikke Tabak fan ZuidOostZorg. Sy is ien fan de organisatoren dy't drok dwaande is mei de reüny fan fersoargingstehûs 't Suderhiem yn Drachten. Dat sil plak fine op sneon 3 oktober. Mar minsken kinne har noch opjaan. Jikke sil fertelle wat der krekt op it programma stiet 3 oktober.
Opjaan kin fia mail nei receptiew@zuidoostzorg.nl.

En rolstoelbasketbalster Daphne van den Broek út Snits komt nei de studio. Sy is krekt werom út Engelân, dêr't it EK holden is. Nederlân is twadde wurden en hat him dêrmei pleatst foar de Paralympyske Spelen yn Rio 2016. Is Daphne tefreden of hie der goud yn sitten?

Rolstoelbasketbalster Daphne van den Broek

Jikke Tabak oer de reüny fan 't Suderhiem

13:09 - Avicii - Waiting For Love
13:16 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
13:21 - Wham - The Edge Of Heaven
13:29 - Emmelie De Forest - Only Teardrops
13:35 - De Jeugd Van Tegenwoordig - Sterrenstof
13:38 - Four Seasons - December '63
13:48 - Lorde - Royals
14:05 - Lucie Silvas - Breathe In
14:11 - Listenbee - Save Me
14:22 - Adele - Skyfall
14:27 - Ed Sheeran - Don't
14:33 - Nine Days - Absolutely (Story Of A Girl)
14:46 - Alphaville - Big In Japan
15:05 - 98 Degrees & Stevie Wonder - True To Your Heart
15:12 - Seinabo Sey - Younger (Kygo Remix)
15:23 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
15:26 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
15:33 - Taylor Dayne - Tell It To My Heart
15:40 - Jason Carlson - Another Life (Diggy Diggy)
15:43 - Extreme - More Than Words
15:53 - Bzn - Sweet Silver Anny
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)