Geert yn de middei fan 8 oktober 2015 13:00

It is tongersdei, dus hjoed folgje wy wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch ús provinsje. De koer wie by Marjon Zijta-Nijhuis en sy joech him troch oan Jolanda Reitsma fan De Jouwer. Jolanda is ambassadeur fan ZIEL, Zomaar Iets Liefs. Sy jout immen dy't dat nedich hat in blomke of in leuk kaartsje. Simpele dingen dy't hiel bot wurdearre wurde.

Marjet de Boer út Boalsert komt nei de studio. Marjet is 25 jier en hat al 7 jier in eigen bedriuw: MostCutest.nl. Dat is in online shop fol mei Japanske Kawaii artikelen. It meast populêr is op dit stuit it DIY merk, lykas snobbersguod, mar ek it skoalspul en it knutselguod. Yn septimber stie Marjet mar har bedriuw op de Tina-Dei XL yn Duinrell. Lange rigen mei froulju stiene foar har stand om te shoppen of foar in foto. Sa jong noch en no al sa'n suksesfolle ûndernimmer. Benijd nei har webside? Sjoch op www.mostcutest.nl of besjoch har filmkes op www.youtube.com/user/MostCutestNL.

We belje efkes mei Henny Holwerda. Henny wurket by Specsavers Snits en Ljouwert is troch in ynternasjonale faksjuery útroppen ta Nederlânske Audiolooch fan it Jier. Mar wat is dat krekt? En hoe wurde jo de bêste fan Nederlân? Har ferhaal stiet op www.audiologistoftheyear.eu of sjoch op www.facebook.com/Specsavers-Audiciens-Leeuwarden-503315856515412/timeline.

En fansels ha wy wer kontakt mei kollega Gerrit de Boer yn Nepal. Hy reizget mei de Stichting Studenten- en Musahaproject Nepal troch it lân. De Stichting hat dêr in tal skoallen yn de haadstêd Katmandu en yn de min tagonklike binnenlannen yn it distrikt Gorkha. In grut part fan de skoallen dy't troch de stichting opset is, is by de ierdbeving fan april swier skansearre of hielendal ynstoart.

Marjet de Boer hat har eigen bedriuw: MostCutest

Jolanda Reitsma krige de Koer fan Fryslân

Henny Holwerda is Audiolooch fan it Jier

13:11 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
13:17 - Clout - Save Me
13:23 - Sharon Doorson - Something Beautiful
13:27 - Marcel Smit - Fryslan
13:33 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
13:43 - De Jeugd Van Tegenwoordig - Sterrenstof
13:47 - Taylor Swift - Style
14:07 - R.E.M. - Shiny Happy People
14:13 - Nick & Simon - Open Je Hart
14:25 - Shania Twain - That Don't Impress Me Much
14:32 - Meja - All 'bout The Money
14:35 - Bob Sinclar - Love Generation
14:47 - Matthew Wilder - Break My Stride
14:50 - Jayh - Mooie Dag
15:06 - Wind Earth & Fire - Sunday Morning
15:13 - Ashford & Simpson - Solid
15:17 - Zara Larsson - Lush Life
15:23 - Agnes Sambrink - Do Bist
15:26 - Maitre Gims - Est-Ce Que Tu M'aimes
15:33 - Abba - Dancing Queen
15:41 - Bangles - Going Down To Liverpool
15:48 - Status Quo - Twenty Wild Horses
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)