Geert yn de middei fan 8 juny 2015 13:00

    Geert siket de muzikale grins fan 'e middei op mei Arie van der Wal fan sealen Tivoli yn Huzum. Oan de hân fan syn top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren dûke beide manlju werom yn it ferline.

    We folgje Nathalie Oliveiro en Daniëlle Paulusma op harren fytstocht fan Fryslân nei Santiago de Compostello.

    Fansels gean wy ek wer de grins oer. Wy belje mei Pieter Veltman yn Denemarken. Pieter wennet tegearre mei syn frou Marijke yn it plakje Brøns. Sy ha in grutte pleats en fermeitsje harren poerbêst yn harren nije lân.

    En wy belje wer efkes mei Marijke Hornstra, dy't yntusken tegearre mei har freon Jelte yn Ekwador is. Sy fytst dêr oer sânpaden, dy't troch reinbuien feroarje yn modderstreamen. Ek ha wy model Milou Groenewoud wer oan de tillefoan. Hoe giet it mei har? Wat hat se de ôfrûne wiken dien?

    Daniëlle Paulusma fytst mei Nathalie Oliveiro fan Fryslân nei Santiago de Compostello

    • Daniëlle Paulusma fytst mei Nathalie Oliveiro fan Fryslân nei Santiago de Compostello

    Pieter Veltman wennet yn Denemarken.

    • Pieter Veltman wennet yn Denemarken.

    Marlinde Kraaijeveld út Kanada

    • Marlinde Kraaijeveld út Kanada
    13:08 - Swamp - Otras Y Otras
    13:13 - Hecht - Foto Fan Eartiids
    13:27 - Tom & Dick - Bloody Mary
    13:34 - Kate Bush - Cloudbusting
    14:08 - A Silent Express - All About You
    14:14 - Causes - Teach Me How To Dance With You
    14:24 - Robbie Williams - Feel
    14:36 - Queen - Body Language
    14:49 - Frankie Laine - A Woman In Love
    14:52 - Souldada - Tjuster Oer It Waad
    15:05 - Jay Ferguson - Thunder Island
    15:10 - Proclaimers - I'm Gonna Be
    15:14 - Butterfly - As De Simmer Komt
    15:18 - Kenny B - Parijs
    15:23 - Die Twa - Eachkontakt
    15:27 - The Kooks - She Moves In Her Own Way
    15:33 - Police - Every Breath You Take
    15:44 - Jan Smit - Jij & Ik
    15:53 - Danyel Gerard - Butterfly
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)