Geert yn de middei fan 7 septimber 2015 13:00

    De muzikale ôftraap fan de middei wurdt dien troch Jannewietske de Vries. Oan de hân fan har top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren dûkt Femke de Walle werom yn de tiid. Jannewietske hat noch gjin baan, mar hat it op dit stuit smoardrok mei Kulturele Haadstêd 2018. Se wurdt alle dagen wol benadere troch stichtingen dy't saken opsette foar KH2018. Ek is Jannewietske belutsen by Tryater, dêr't se bekende Friezen ynterviewe mei oer famyljeferhalen en harren talint.

    Fansels belje wy wer efkes mei Marijke Hornstra, dy't dwers troch Súd-Amearika fytst mei har freon Jelte. Hoe hâlde sy dat fol tegearre, altyd by elkoar op de lippe en dan dochs gjin spul krije?

    Yn Amearika is it hjoed Labor Day, in nasjonale feestdei wêrop't elkenien frij is. De dei wurdt sjoen as lêste dei fan de simmer en is ek de lêste dei fan de simmerfakânsje, dus alle bern moatte moarn wer nei skoalle. Yn New York sit Anneke Kuindersma. Wat sil sy hjoed op har frije dei by de ein ha?

    En wy ha kontakt mei Marlinde Kraaijeveld. Sy wennet yn Kanada, omdat se har grutte leafde reedrider Ted-Jan Bloemen achternei reizge is. Op 8 juny ha wy foar it lêst mei Marlinde belle. Doe hie se krekt in wurkfergunning krigen en koe se op syk nei in baantsje. Mar yntusken is der mear nijs, want Marlinde en har reedrider Ted-Jan Bloemen binne 20 augustus troud!

    Jannewietske de Vries by Femke yn de studio

    • Jannewietske de Vries by Femke yn de studio

    Marijke's Fytstocht gong dit kear oer de leafde

    • Marijke's Fytstocht gong dit kear oer de leafde

    Marlinde Kraaijeveld yn Kanada

    • Marlinde Kraaijeveld yn Kanada

    Anneke Kuindersma yn New York

    • Anneke Kuindersma yn New York
    13:09 - Sheppard - Let Me Down Easy
    13:15 - James Morrison - You Give Me Something
    13:27 - Les Poppys - Non Non Rien N'a Change
    13:40 - Beach Boys - Good Vibrations
    13:49 - Donna Summer - State Of Independence
    14:05 - Sugababes - Ugly
    14:11 - Nico And Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
    14:23 - U2 - Pride
    14:27 - Veldhuis & Kemper - Ik Wou Dat Ik Jou Was
    14:33 - George Ezra - Cassy O'
    14:36 - Dido - White Flag
    14:48 - Bruce Springsteen - Born In The Usa
    14:53 - Kenny B - Parijs
    15:06 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
    15:12 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
    15:22 - Craig David - Walking Away
    15:26 - Gurbe Douwstra - It Hert Sa Leech En Iensum
    15:32 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
    15:45 - Die Twa - Aldermoaiste Famkes
    15:53 - Boney M - Brown Girl In The Ring
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)