Geert yn de middei fan 7 maaie 2015 13:00

    Fansels folgje wy hjoed wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Jitze Schievink út Donkerbroek en gong nei Ruurd van der Woude út Wynjewâld. Ruurd is in âld-kollega fan Jitze. Se ha 40 jier tegearre wurke by it pleatsen en meitsjen fan molkmasines. Boppedat is Ruurd tige warber foar it doarp. Hy sit yn de histoaryske feriening en ek syn frou Klaasje is tige warber foar it doarp.

    Wy belje mei Mieke Pape. Mieke en is ien fan de sân manlju en froulju dy't op twadde pinksterdei de Alvestêdetocht fytse sil mei in donororgaan. Earder hienen wy Albert de Graaf, Erik Wijtsma en Hans Noordenbos al yn de útstjoering om te fertellen oer wat in donor foar harren betsjut hat en hoe wichtich it is om dy oan te melden op www.jaofnee.nl.

    Elkenien dy't wolris op de Waadeilannen komt, makket fansels foto's fan de prachtige wolkeloften, it strân of de dunen. Mar wêr moat in goeie natoerfoto no eins oan foldwaan? De Waadferiening start dêrom it projekt 'Jij en Fotografie Natuurlijk', wêryn't bern tusken de 9 en 14 jier leare hoe't se de moaiste natoerfoto's meitsje kinne. It projekt stiet ûnder lieding fan fotografe Sterre Delemarre. Wy belje efkes mei har.

    Ein juny komme der mar leafst hûndert muzikanten fan it bekende Amerikaanske topkorps The Bleu Devils International Corps nei Ljouwert. Op 27 juny wurdt nammentlik it Proud Event holden yn it Cambuur Stadion. It Amerikaanske korps sil mei tal fan Nederlânske topshowkorpsen in spektakulêre show hâlde. Organisator Matthijs van Houten wit presys wat der op it programma stiet.

    Jitze Schievink hie de Koer fan Fryslân

    • Jitze Schievink hie de Koer fan Fryslân

    Ruurd van der Woude krige de Koer fan Fryslân

    • Ruurd van der Woude krige de Koer fan Fryslân

    Mieke Pape fytst de Fytsalvestêdetocht mei nije longen

    • Mieke Pape fytst de Fytsalvestêdetocht mei nije longen

    Fotografe Sterre Delemarre oer Jij en Fotografie Natuurlijk

    • Fotografe Sterre Delemarre oer Jij en Fotografie Natuurlijk

    Wolsto dy opjaan foar dit projekt? Sjoch dan op www.waddenvereniging.nl/agenda en doch ek mei!

    Organisator Matthijs van Houten fan it Proud Event

    • Organisator Matthijs van Houten fan it Proud Event

    Wolle jo noch graach kaartsjes ha foar dizze spektakulêre show? Bestelle kin op www.proud-event.nl.

    13:09 - Jess Glynne - Hold My Hand
    13:15 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
    13:21 - Brian Wilson - The Right Time
    13:24 - Capital Cities - Safe And Sound
    13:27 - Bangles - Walk Like An Egyptian
    13:33 - Kenny B - Parijs
    13:36 - Reboelje - It Fromme Folk
    13:42 - Maroon 5 - Sugar
    13:46 - Janice Ft Bogerman Bigband - Song For You
    14:04 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
    14:10 - When We Are Wild - Scuse Me
    14:20 - Madonna - Holiday
    14:24 - Marco Borsato - Binnen
    14:31 - Diana Ross - I'm Coming Out
    14:35 - B.O.B. Feat Bruno Mars - Nothin' On You
    14:46 - De Kast - Eltse Grins Foarby
    14:51 - Years & Years - King
    15:06 - Shakira - Hips Don't Lie
    15:11 - Die Twa - Frjemd Sa As It Rint
    15:19 - Miss Montreal & Pascal Jakobsen - Ik Zoek Alleen Mezelf
    15:22 - Crystal Waters - Gypsy Woman
    15:26 - Belinda Carlisle - Leave A Light On
    15:33 - Huey Lewis & The News - Hip To Be Square
    15:42 - Owl City & Carly Rae Jepsen - Good Time
    15:49 - Healers - Hurdsiler
    15:53 - Within Temptation - Running Up That Hill
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)