Geert yn de middei fan 7 july 2015 13:00

We binne fan 'e middei yn Geert yn de Middei op syk nei moaie fakânsjeferhalen. En.... de platen dy't dêr by hearre!
Ha jo in moaie herinnering oan in bepaalde fakânsje, diel dy dan mei ús. Belje tusken 13.00- 16.00 oere nei
058-299 78 44 of mail nei Geert@omropfryslan.nl. Fansels kinne jo ek smse of whatsappe nei 06-20 499 199.

Gerrit de Boer is mei de Omrop camper op camping de Roggeberg yn Appelskea. Hy is dêr ek op syk nei fakânsjeferhalen foar ús.

Ek belje we efkes mei de hynstefamkes Joke Plantinga en Leah Buren. Beide froulju binne juster start oan de Alvestêdetocht op it hynder. Se sille de tocht yn etappes ride en se ferwachtsje dat se sneon oankomme yn Snits, harren einplak. Per dei ride se sa'n 30 kilometer en oernachtsje dan op in plak dêr't ek de hynders stean kinne. Hoe giet it oant no ta?

En we ha kontakt mei Melle en Sake. Sy soene moandei starte mei de Carbagerun. Doel wie dat se freed oankomme soene op de einbestimming yn Ingelân en dat is Aberdeen yn Skotlân. Mar binne se op tiid klear mei de auto?

Elske en Bauke ha fjouwer jier oer de wrâld fytst

Sophie Wertmüller fan Farmhousefilm oer de Sneekweek film

Leah Buren en Joke Plantinga dogge de alvestêdetocht op harren hynders

Lammy Toering fan De Jouwer mei har fakânsjeferhaal

Melle Kloosterman oer syn mislearre carbagerun

13:07 - Allez Mama - Je Liegt Dat Je Barst
13:12 - George Ezra - Barcelona
13:16 - Peret - Borriquito
13:21 - Status Quo - Roll Over Lay Down
13:26 - Normaal & Rowwen Heze - Gries
13:33 - Henny Vrienten - Zonnebril
13:45 - Armand - Op De Tandem Naar Marokko
13:48 - Zz Top - Legs
13:53 - Racoon - Shoes Of Lightning
14:04 - Eric Clapton - Gotta Get Over (Featuring Chaka Khan)
14:09 - Chicago - You're The Inspiration
14:17 - Beukema - Harlingen (Cd-Fersy)
14:21 - E.L.O. - Hold On Tight
14:30 - Bellowhead - New York Girls
14:35 - Belle Perez - El Mundo Bailando
14:39 - Roger Miller - King Of The Road
14:48 - Emmelie De Forest - Only Teardrops
14:55 - De Makkers - Zomerzon
15:04 - Little River Band - Help Is On Its Way
15:09 - Gurbe Douwstra En De Sadelrukers - Thus
15:21 - Marjan Fennema - Lyts Meager Wyfke
15:28 - Train - Drops Of Jupiter (Tell Me)
15:35 - Four Tops - Don't Walk Away
15:44 - Pink Floyd - Run Like Hell
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)