Geert yn de middei fan 6 oktober 2015 13:00

It is tiisdei 6 oktober, dus wer tiid foar Omrop Help.

De hear Homminga siket in bysûnder deadshimd. Tegearre mei syn frou sammelet er âlde klean, huodsjes en linnenguod om it jier 1900 hinne. As famkes eartiids trouden, dan krigen se in hiele útset mei oan linnenguod. En dêr siet ek in deadshimd by. No ha de Homminga's wol ferskate deadshimden fûn, mar se sykje in hiel bysûnder eksimplaar, nammentlik in 'heal' deadshimd. Dit himd hat allinnich in foarkant, gjin rêchstik. Sa koe it himd ienfâldich oer it lyk hinne lein wurde.

Romke Kooyenga siket in man mei de namme Krijn. Sa'n 40 jier lyn is Krijn syn skoanheit ferstoarn nei't er yn de bergen troffen waard troch de wjerljocht. Kooyenga's heit hat de famylje doe holpen en der hat in soad kontakt west. Mar nei't de famylje ferhuze is it kontakt ferwettere. No besiket Kooyenga wer yn kontakt te kommen mei dizze Krijn, dy't wurket by in bedriuw dat ynvalideweintsjes makket.

Haaije van der Ploeg siket de CD Lyckle fan Tirns 43. Hy hat alles al ôfsocht, mar kin de CD nearne fine.

En it Noordelijk Film Festival siket âlde fideobannen of eins de hoeskes derfan. Dizze wiene faak krekt as lp hoezen prachtich fan ûntwerp en foarm. Doel is om hjirfan in enoarme fideomuorre fan te bouwen. Margret Havenga belutsen by it Festival leit út wat se no krekt sykje.

Foar de tredde kear is der in "Help fan it jier" ferkiezing. Dit is in lanlike ferkiezing, organisearre troch de Nationale Hulpgids. Sy fine it wichtich dat helpen yn it sintsje set wurde. Helpen dy't mei in protte nocht en ynset harren wurk dogge. En dat binne der in hiele soad. Colinda van der Zalm fan it Persoonlijk Zorgnetwerk leit ús it belang fan dizze ferkiezing út en fertelt fansels ek wat der te winnen is! Der kin noch oant 18 oktober nomineard wurde.

Omrop ferslachjouwer Gerrit de Boer Gerrit is fan 1 oktober oant en mei 14 oktober yn Nepal mei Stichting Studenten- en Musahaproject Nepal fan It Hearrenean. De Stichting hat dêr in tal skoallen yn de haadstêd Katmandu en yn de min tagonklike binnenlannen yn it distrikt Gorkha. In grut part fan de skoallen dy't troch de stichting opset is, is by de ierdbeving fan april swier skansearre of hielendal ynstoart. De stichting hat sûnt dy tiid 175.000 euro byelkoar helle om de skoallen wer op te bouwen. Froukje Nijholt, oprjochtster en sekretaris fan de stichting en in tal donateurs wolle de earste twa wike fan oktober besjen hoe't it der no foar stiet. Se dogge dit yn harren fakânsje en op eigen kosten. Gerrit reizget mei harren mei en hâldt ús hjirfan op de hichte.

Gerrit de Boer út Nepal

Colinda van der Zalm oer de nasjonale Help ferkiezing

Irma Swart út Ravenswoud is covergirl op de boerinnekalinder 2016

13:10 - Texas Tornados - Who Were You Thinkin' Of
13:14 - Queen - Crazy Little Thing Called Love
13:23 - Vitesse - Rosalyn
13:33 - Klein Orkest - Koos Werkeloos
13:38 - Mavericks - Dance The Night Away
13:49 - Turns 43 - Betty Bos
14:07 - Martha Reeves & The Vandellas - Dancing In The Street
14:12 - Chris De Burgh - The Lady In Red
14:24 - Pussycat - Smile
14:30 - Paul Young - Love Of The Common People
14:35 - Kurt Nilsen - She's So High
14:40 - Turns 43 - Betty Bos
14:45 - Anouk - Dominique
14:52 - Aretha Eurithmics, Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
15:05 - Bee Gees - Alone
15:13 - Pointer Sisters - Slow Hand
15:24 - Kygo - Stole The Show
15:30 - Supertramp - Give A Little Bit
15:38 - Lucille Starr - Colinda
15:45 - Dotan - Let The River In
15:52 - Zangeres Zonder Naam - Jongens Van 18 Jaar
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)