Geert yn de middei fan 6 july 2015 13:00

    Us gast fan dizze middei is Etienne Stomp. Hy komt fan Drachten en is keeperstrainer fan PEC Zwolle. Hy is ek bekend yn de amateurfuotbalwrâld mar kaam yn it nijs neidat hy assistint trainer waard fan Patrick Kluivert by it nasjonale alvetal fan Curaçao. Mei dat alvetal belibbet hy opmerklike aventoeren by kwalifikaasjewedstriden foar it wrâldkampioenskip 2018 yn Ruslân.

    Geert van Tuinen giet hjoed wer de grinzen oer. Sa ha wy Marye Dijkstra by ús yn de studio. Sûnt begjin febrewaris wennet Marye yn Bolivia, Súd-Amerika. Se wurket hjir foar Beyond South America. Dat is in bemiddelingsburo foar staazje en frijwilligerswurk yn Súd-Afrika. Dêrneist wurket se as national director by Performing Life. Dat is in organisaasje dy't bern dy't op strjitte libje en wurkje mei kreative middels stipet. Marye wie tafallich efkes yn Nederlân en no dus by ús yn de studio.

    Ek Steven de Jong komt nei de studio. Fan 'e jûn stjoert Omrop Fryslân de earste werhelling út fan de tv-searje Baas Boppe Baas. Dit is in earbetoan oan akteur Rense Westra, dy't earder dit jier ferstoar. Omrop Fryslân stjoert alle wurkdagen in útstjoering út fan de seizoenen ien oant en mei fjouwer. Mei Steven de Jong sjogge wy werom op dizze bysûndere searje.

    Fansels ha wy wer efkes kontakt mei Marijke Hornstra, dy't noch altyd fanatyk oan it fytsen is troch Ekwador. Sy mist it Hollânske iten! En wy lizze in lijntsje mei Jonina Potijk út Ontario, Kanada. Jonina wennet sûnt 2007 yn Kanada. Se hat jierren yn de Rocky Moutains wenne, mar sûnt jannewaris 2013 wennet se mei har freon yn Kenosee Lake. Wêrom is se nei Kanada emigreard? Hoe befalt it har? En mist se Fryslân wolris?

    Moaie ferhalen, lekkere muzyk en gesellige gasten: dat is it geheim fan Geert yn de middei!

    Marye Dijkstra út Bolivia

    Jonine Potijk út Ontario, Kanada

    13:08 - Flaco Jimenez - Jealous Heart
    13:12 - Omi - Cheerleader
    13:26 - Jackson 5 - I Want You Back
    13:31 - Belle Perez - Dime Que Tu Quieres
    13:48 - Bob Marley - One Love / People Get Ready
    14:05 - Hot Chelle Rae - Tonight Tonight
    14:11 - Lytse Hille - As Ik Alles Eader Witten Hie
    14:21 - Agnes Sambrink - It Rint Sa't It Rint
    14:21 - Kiss - I Was Made For Lovin' You
    14:26 - Buddy Holly - Heartbeat
    14:31 - Bricquebec - Simmerleafde
    14:42 - Manu Chao - Me Gustas Tu
    15:04 - Ricky Martin - Maria
    15:11 - Diana Ross - Ain't No Mountain High Enough
    15:20 - Agnes Sambrink - It Rint Sa't It Rint
    15:35 - Tom Jones & Art Of Noise - Kiss
    15:49 - Jovanotti - L'ombelico Del Mondo
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)