Geert yn de middei fan 5 oktober 2015 13:00

Geert van Tuinen iepenet de middei tegearre mei in bysûndere gast. Gerk Jan Rinsma, algemien direkteur by Rinsma Fashion, is ús muzikale gast fan 'e middei. Al jierren is Rinsma dé saak yn Fryslân as it giet om frouljusklean. Mar sûnt dit jier binne ek de manlju hjir oan it goeie adres. Nei 60 jier is Rinsma werom yn de mannemoade mei De Heeren van Rinsma. Gerk Jan sil ús fertelle oer de bysûndere skiednis fan dit famyljebedriuw.

En fansels giet Geert de grins wer oer. Wy belje mei twa fanatike Sijtsma-froulju, oarspronklik fan Hallum. Gjaldau Sijtsma wennet op Malta, dêr't se studearret oan de Fertaalakademy foar fertaler/tolk. Se wurket dêr no op in toeristeburo. Mar hoe kaam se telâne op Malta? En hoe befalt it har dêr?

Sus Bregtje Sijtsma wennet al wer in skoftke yn Skotlân, yn it doarpke Killin. Se wurket by in bedriuw dat aktiviteiten organisearret lykas kanoje, hike. En de jeugd brekt de boel der wolris ôf, dan moat Bregtje der foar soargje dat de boel wer op oarder komt.

Foar it earst hawwe wy kontakt mei kollega Gerrit de Boer, dy't nei Nepal reizge is. Hjir sil er sjen hoe't it mei de skoallen fan Stichting Studenten- en Musahaproject Nepal fan It Hearrenean stiet. Troch de ierdbeving fan april binne in soad skoallen fan de stichting swier skansearre of hielendal ynstoart. Froukje Nijholt, oprjochtster en sekretaris fan de stichting, en in tal donateurs sille mei eigen eagen sjen hoe't it der no foar stiet. Gerrit docht fan hjoed ôf elke dei om 15.15 oere ferslach fan syn reis troch Nepal.

Team Fryslân hat him ek wer opjûn foar de Roparun 2016. De langste non-stop estafetterin fan de wrâld oer 520 kilometer fan Parys nei Rotterdam. Se dogge al sûnt 2012 mei. It team bestiet út acht rinners en út in soad begelieders. No binne se op syk nei sponsors. En dêrfoar betinke se allegearre ludike aksjes.
Sjoch foar ynformaasje ek op www.team-friesland.nl

Gjaldau Sijtsma út Malta

Edwin Bakker fan Team-Friesland dat oan de Roparun meidocht

sjoch foar mear ynformaasje oer Team-Friesland en de Roparun op www.team-friesland.nl

Gerrit de Boer yn Nepal

13:11 - Queen Ida & Zydeco Band - My Girl Josephine
13:16 - Herberg De Troost - Lieve Herfst
13:31 - Gysbert - De Waarman Fan 'e Gerdyk
13:37 - Simply Red - Fake
14:07 - Shenandoah - Can't Buy Me Love
14:11 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
14:20 - Bob Marley - Stir It Up
14:20 - George Baker Selection - Little Green Bag
14:24 - Bob Marley & The Wailers - Stir It Up (Live) (Single Version)
14:28 - Gerry & Pacemakers - How Do You Do It
14:32 - I've Got The Bullets - In The Middle Of The Night
14:43 - Maaike Rients, Piter & De Kast - Simmer 2000 (Live)
14:52 - Sheppard - Geronimo
15:05 - Bee Gees - Nights On Broadway
15:10 - Jason Derulo - Want To Want Me
15:18 - Style Council - Shout To The Top
15:21 - Diggelfjoer - Heit Mei 'k Mei (Live)
15:26 - Sam Hunt - Take Your Time
15:32 - Desireless - Voyage Voyage
15:37 - Take That - Back For Good
15:47 - Shakira - Underneath Your Clothes
15:54 - Radi Ensemble - Huil Maar Niet Kleine Eva
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)