Geert yn de middei fan 4 maaie 2015 13:00

    Raynaud Ritsma is hjoed de muzikale gast by ús yn de studio en jout de ôftraap foar in nije Geert yn de middei. Raynaud is dit jier de Fryske ambassadeur fan de frijheid en spilet op de provinsjale deadebetinking yn Ljouwert mei de band Vangrail. Vangrail hat spesjaal foar dy gelegenheid in nûmer útbrocht: 'Wie Heb Jij Bevrijd?' Dat spylje se op de deadebetinking, mar fansels ek de dei dêrnei, op 5 maaie.

    Fansels sjogge wy wer efkes oer de grins. Wy belje mei Gretha Wijbenga. Gretha sit yn Frankryk, dêr't se in bêd en brochje en in gite (fakânsjehûs) hat. Har man hat in makelerij. De simmer stiet foar de doar, dus dat wurdt aanst wer knalle. Of is it dêr no ek al drok?

    En wy ha Marye Dijkstra yn Bolivia wer oan de tillefoan. Sûnt begjin febrewaris wennet Marye yn Súd-Amearika. Se wurket hjir foar Performing Life. Dat is in organisaasje dy't bern dy't op strjitte libje en wurkje mei kreative middels stipet. De organisaasje Performing Life makket no kâns op goed 12,5 tûzen euro. It wurdt hieltyd spannender, want Marye sit no by de lêste tsien kânshawwers!

    En fansels belje wy wer mei model Milou Groenewoud. Milou hie twa wiken lyn in smoardrokke wike efter de rêch. Wat hat se ôfrûne wike by de ein hân? Sy galoppearre ûnder oare op in hynder oer it strân fan Sardinië.

    En hoe giet it mei Marijke Hornstra yn Perû? Sy fytst no fan Perû nei Ekwador en komt hiel wat nuvere saken tsjin op har fytstocht.

    Raynaud Ritsma oer it nûmer 'Wie heb jij bevrijd'

    • Raynaud Ritsma oer it nûmer 'Wie heb jij bevrijd'

    Gretha Wijbenga yn Frankryk

    • Gretha Wijbenga yn Frankryk

    Binne jo noch op syk nei in moai fakânsjeadres dizze simmer? Sjoch dan ris op www.domainedesavigny.com en gean dizze simmer nei Gretha Wijbenga yn Frankryk!

    Model Milou Groenewoud wie op Sardinië

    • Model Milou Groenewoud wie op Sardinië

    Marijke's fytstocht

    • Marijke's fytstocht

    Marye Dijkstra yn Bolivia

    • Marye Dijkstra yn Bolivia
    13:08 - Flaco Jimenez - Open Up Your Heart
    13:14 - Kenny B - Parijs
    13:26 - B.B. King & Tracy Chapman - The Thrill Is Gone
    13:33 - Toto Cutugno - L'italiano
    13:44 - The Band - The Weight
    13:50 - Amazing Stroopwafels - Ik Ga Naar Frankrijk
    13:54 - Toto - Rosanna
    14:05 - The Coral - 1000 Years
    14:10 - Capital Cities - Safe And Sound
    14:14 - Frank Sinatra - You Make Me Feel So Young
    14:22 - Counting Crows & Bløf - Holiday In Spain
    14:24 - Whitney Houston - I Wanna Dance With Somebody
    14:31 - Red Box - For America
    14:43 - Vangrail - Te Veel Voor Mij
    14:54 - Die Twa - Te Fier Fan Dy
    15:03 - Joe Frank Hamilton & Reynolds - Don't Pull Your Love
    15:07 - Nek - Laura Non C'e
    15:23 - Gurbe Douwstra - 35+
    15:26 - Tobias Jesso Jr. - How Could You Babe
    15:32 - Billy Joel - The Longest Time
    15:42 - Kid Rock - All Summer Long
    15:52 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
    15:54 - Tol & Tol - Eleni
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)