Geert yn de middei fan 4 juny 2015 13:00

    It is tongersdei dus wy folgje hjoed de Koer fan Fryslân wer op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Sieb Abma út Nijesyl en hy brocht him by Jeltje Hemstra-Boschma ek út Nijesyl. Jeltje is altyd underweis: se is frijwilligster yn it Wumkeshûs yn Snits, fersoarget preekbeurten foar protestantske tsjertke, is alderling yn it Antoniussikehûs, sekretaris by doarpsbelang, en noch folle, folle mear.

    Wy belje efkes mei Jeroen Vochteloo fan Easterwâlde. Hat syn earste ynternasjonale traprin oerwinning behelle. Wat dat krekt is? Wy freegje it him fan 'e middei. En ha ek noch in oare topsporter oan de tillefoan. Wy belje efkes mei de 7-jierrige Finn van Albada. Tegearre mei syn mem sil er hjoed de Alpe d'Huez beklimme. En dat docht er op in appel, twa broadsjes en in roltsje mentos. Oft er it oprêden hat? Jo hearre it by Geert yn de middei!

    Sykje jo nei in leuk wykeinútstapke? Miskien is Cultuur met Smaak wat foar jo! Welmoed Kuiper fan de Loft út Boksum fertelt ús wat der no sneon allegear op it programma stiet oan muzyk, lekker iten en kultuer.

    En ta beslút belje wy efkes mei Belinda Huizing. Sy wurket by it Reade Krús en siket frijwilligers dy't kommende woansdei 10 juny helpe wolle by it fakânsjeskip de Hendry Dunant. Dit skip leit woansdei oan op De Lemmer. En no siket Belinda frijwilligers dy't tusken 13.30 en 16.00 in kuier meitsje wolle mei de fakânsjegasten troch it doarp. Doel is dat se se ek de moaie plakjes fan De Lemmer sjen litte. Wolle jo best wol efkes helpe? Belje mei Belinda op 06 10 62 97 28.

    Jeltje Hemstra-Boschma krige de Koer fan Fryslân

    • Jeltje Hemstra-Boschma krige de Koer fan Fryslân

    Traprinner Jeroen Vochteloo fan Easterwâlde

    • Traprinner Jeroen Vochteloo fan Easterwâlde

    De 7-jierrige Finn van Albada beklom de Alpe d'Huez

    • De 7-jierrige Finn van Albada beklom de Alpe d'Huez

    Welmoed Kuiper oer it evenemint Cultuur met Smaak

    • Welmoed Kuiper oer it evenemint Cultuur met Smaak

    Belinda Huizing siket frijwilligers op De Lemmer

    • Belinda Huizing siket frijwilligers op De Lemmer
    13:10 - Texas Tornados - Adios Mexico
    13:14 - Ed Sheeran - Thinking Out Loud
    13:23 - Albert West - Simone
    13:26 - The Buggles - Video Killed The Radio Star
    13:32 - Alison Moyet - Is This Love
    13:45 - Omi - Cheerleader
    13:53 - Van Geeft 'm - Daarom Zing Ik
    14:07 - Serena Pryne & The Mandevilles - The Break Up
    14:13 - Auke Busman - Time Flies
    14:22 - O.M.D. - Maid Of Orleans
    14:26 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
    14:32 - Climie Fischer - Love Changes Everything
    14:45 - Avicii - Hey Brother
    15:05 - Allman Brothers Band - Ramblin' Man
    15:12 - Roxette - It Must Have Been Love
    15:19 - Butterfly - As De Simmer Komt
    15:22 - Tom Petty - Learning To Fly
    15:27 - Pharrell Williams - Happy
    15:27 - Piter Wilkens - Oeral Thus
    15:27 - Gigi D'agostino - L'amour Toujours
    15:27 - Elo - Hold On Tight
    15:28 - Rowwen Hèze - Zondag In Het Zuiden
    15:28 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
    15:36 - Whitney Houston - I Wanna Dance With Somebody
    15:46 - Linda Ronstadt - You're No Good
    15:53 - Elo - Hold On Tight
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)