Geert yn de middei fan 31 maart 2015 13:00

    Ek dizze middei hawwe we wer syktochten yn Geert yn de middei: omrop Help.

    Us help waard ynroppen troch frou Edy van Sijp fan Skylge. Sy is op syk nei âlde aansichtkaarten fan hotel Jans dat froeger op Skylge stie. Frou Van Sijp hat al in hiele kolleksje kaarten, mar dy fan hotel Jans ûntbrekke noch.

    Jacob Buisman is op syk nei âlde kranteknipsels fan ferhalen fan Marten Toonder. En dan foaral dy strips dy't eartiids yn de Drachtster Krante stiene. Buisman waard froeger sels Kappie neamd, ien fan de ferhalen fan Toonder. Sa is de fasinaasje begûn. Ha jo noch ferhalen fan Kappie, Tom Poes of de Heer Bommel? Wy hearre it graach.

    Jetze Wiersma fan De Jouwer siket it boek Skiednis fan Easterein. Famylje fan him wurdt der yn beskreaun, mar doe't Wiersma it boek keapje soe, wie it yn in omsjoch al útferkocht.

    Fierder belje we mei Jacob Dijkstra fan Die Twa. Harren oanhingwein is koartlyn stellen en dy wolle se fansels graach werom hawwe!! Wa hat tips?? De beskiuwing stiet op de facebook side fan Die Twa.

    En de Orde van Weefsters hawwe jûn in iepen jûn. Sy binne de froulike fariant fan de Vrijmetselaarij. We belje efkes om te hearren hoe en wat.

    13:07 - Dixie Chicks - Some Days You Gotta Dance
    13:11 - Taylor Swift - Style
    13:19 - Lost Frequencies - Are You With Me
    13:25 - Highway 54 - Grut Lankumer Blues
    13:28 - Neil Young - Only Love Can Break You Heart
    13:34 - Solution - It's Only Just Begun
    13:44 - Eliza Doolittle - Big When I Was Little
    13:53 - Guus Meeuwis - Leve Het Leven
    14:07 - Maroon 5 - Daylight
    14:14 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    14:23 - Acda En De Munnik - Niet Of Nooit Geweest
    14:27 - Iris Kroes - Never Coming Back
    14:34 - Steve Winwood - Higher Love
    14:43 - Everly Brothers - Bye Bye Love
    14:45 - Jan De Vries - Jente (Live Nw)
    14:52 - Bruno Mars - Locked Out Of Heaven
    15:27 - Sheppard - Geronimo
    15:33 - E.L.O. - Twilight
    15:43 - Krezip - All My Life
    15:49 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
    15:54 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)