Geert yn de middei fan 3 septimber 2015 13:00

It is tongersdei, dus wy gean wer op paad mei de Koer fan Fryslân. De koer wie by Jan Niehof en Marjo Stoter, soarchûndernimmers fan it Thomashûs yn Arum. Sy joegen de koer troch oan Siebe Tolsma út Arum. Jan en Marjo neame him ek wol omke Siebe. Wat syn eagen sjogge, meitsje syn hannen. Hy makket in soad foar it Thomashûs. Kistjes, krûdepotsjes, neam mar op. As se wat nedich ha dan makket omke Siebe dat.

Hâldsto fan opera? Dan sist goed yn Frjentjer, want fan 'e jûn begjint it koar Frizzare Franeker mei in herstart. Under lieding fan artistyk liedster Esther van Dijk geane de koarleden op aventoer yn de wrâld fan de opera. En do kinst noch meidwaan! Baukje Boersma sil ús der alles oer fertelle.
Wolsto ek ris meisjonge? Nim kontakt op mei Baukje: 06 20 28 07 33, mail nei esther4singing@gmail.com of sjoch op www.frizzare.nl.

Sander Hakbijl fan de Bios Drachten komt nei de studio om te fertellen oer de Fryske Film 11 Daagse, dy't nije wike fan start giet. Alve dagen lang is der ferspraat oer Fryske bioskopen in moai programma oan films gearstald. Mei dit jier as tema in earbetoan oan akteur Rense Westra. Sander wit wat der krekt op it wite doek komt.

Baukje Boersma fan operakoar Frizzare Franeker

Sander Hakbijl fan Bios Drachten oer de Fryske Film 11daagse

Omke Siebe Tolsma krige de Koer fan Fryslân

11:06 - Amy Macdonald - This Is The Life
11:09 - Avicii - Waiting For Love
11:22 - Gurbe Douwstra & De Sadelrukers - Thus
11:26 - Tanita Tikaram - Good Tradition
11:33 - Salt 'n' Peppa - Let's Talk About Sex
11:37 - Gilbert O'sullivan - Nothing Rhymed
11:42 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
11:46 - Peter Frampton - Show Me The Way
11:52 - Piter Wilkens - As In Skries Yn It Fjild
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)