Geert yn de middei fan 29 septimber 2015 13:00

    It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help! Dit kear fjouwer bysûndere helpfragen.

    Wy begjinne mei Loltsje de Vries fan Tersoal. Sy siket nei in bedelearmbantsje. As bern hie sy sels in bedelketting, mei dêroan ûnder oare in kangeroe, in Meksikaantsje en in ûltsje. Har mem hat der in earmbantsje fan makke, dy’t de dochter fan Loltsje krigen hat. Mar dy is ‘m kwytrekke, en hat yntusken in eigen dochter. Dy soe graach wer sa’n soart bedelearmbantsje ha wolle.

    Klaas Oenema fan Jobbegea is in fanatike redenssamler. Hy hat thús mar leafst 384 pear redens lizzen. Allegear ferskate modellen en typen. Mar yn syn samling ûntbrekt noch ien pear dat er hiel graach ha wol: in pear alluminium redens fan Spanninga fan De Jouwer. De redens binne makke tusken 1929 en 1932.

    Sjoerd Jelle Wiersma fan de Groene Apotheek yn Ljouwert siket frijwilligers dy't helpe wolle by it opknappen fan in hûs yn de wyk. Yn dit hûs wennet in âlder stel, dat it hûs sels net langer ûnderhâlde kin. Sjoed Jelle Wiersma siket dêrom handige minsken dy't ferstân hawwe fan kezinen, dakgoaten en timmer- en skilderwurk. En ek fergees materiaal soe tige fan pas komme.

    André Lageveen fan De Jouwer siket in CD-boks fan syn favorite artyst Mike Oldfield. Yn 1976 kaam it album Boxed út. Dit wie in boks mei dêryn 4 LP's. No hat André dizze lp-boks, mar hy wol graach de CD-ferzje ha. It moat wol in orizjineel eksimplaar wêze, gjin kopy of selsbrânde cd.

    Ha jo ien fan boppesteande saken yn de kast lizzen of binne jo in 'Handige Harry' en wolle jo bêst wol efkes de hannen út 'e mouwen stekke foar it goede doel? Lit it ús witte! Mail nei geert@omropfryslan.nl of stjoer in sms of appke nei 06 20 499 199. Belje kin ek mei 058 299 7880.

    13:09 - Bruce Daigrepont - Disco Et Fais Do-Do
    13:14 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
    13:22 - Ctrl-Alt-Delete - Reade Wyn
    13:36 - Albert Hammond - Free Electric Band
    13:45 - Pharrell Williams - Happy
    13:54 - Beand & Skep - Moai Waar
    14:05 - Lee Ann Womack - Trouble's Here
    14:11 - First Aid Kit - My Silver Lining
    14:22 - Boomtown Rats - I Don't Like Mondays
    14:26 - George Ezra - Budapest
    14:32 - Cyndi Lauper - Girls Just Want To Have Fun
    14:43 - Lovin' Spoonful - Do You Believe In Magic
    14:45 - Peter Fox - Haus Am See
    14:53 - Bouke Van Der Woude - Hontsje
    15:07 - Barry White - You're The First, The Last, My Everything
    15:12 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
    15:23 - Alan Parsons Project - Eye In The Sky
    15:28 - Julio Iglesias - Quiereme
    15:33 - Communards - Don't Leave Me This Way
    15:37 - Het Goede Doel - Ik Dans Dus Ik Besta
    15:46 - Tasmin Archer - Sleeping Satelite
    15:53 - De Kast - Neem Me Zo
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)