Geert yn de middei fan 29 oktober 2015 13:00

Hjoed de lêste útstjoering fan Geert yn de middei. Fansels folgje wy wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Olga Overeen, út Drachten. Sy joech him troch oan Tanja Ausma út Oerterp. Tanja is in goeie freondinne en stiet hiel iepen yn it libben. Se is in soad mei har meiminsken dwaande. Hat alles foar in oar oer. En dêrom fertsjinnet se de koer, fynt Olga.

Wy belje efkes mei regisseur Jos Thie. Nei it grutte sukses fan de Intense wrâldtoer fan dj Armin van Buuren, sil de regisseur út Wergea no ek de twadde show fan de wrâldferneamde dj dwaan. De nije dance-teater show is basearre op it nije album Embrace en giet yn maaie takom jier fan start yn de Ziggo Dome yn Amsterdam.

Hans Groeneweg fan it Fries Verzetsmuseum komt nei de studio om te fertellen oer de earste Fries Verzetsmuseumpriis. Boppeboulearlingen fan VMBO/HAVO/VWO wurde útdage om harren profylwurkstuk oer de Twadde Wrâldoarloch te dwaan. Dêrmei meitsje se kâns op in jildbedrach fan 250 euro en boppedat komt harren wurkstuk yn it museum te lizzen. Nije wike woansdei 4 novimber is der in ynspiraasje- en ynformaasjemiddei foar de learlingen dy't dit wol nijsgjirrich fine.

En wy belje efkes mei Inez Timmer. Inez hat fan 'e jûn de presintaasje fan har nije show 'Op alle fronten' yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Yn de foarstelling krûpt se yn de hûd fan Lale Andersen. Sjonge, dûnsje, fan alles wat. En der binne noch kaarten.

Tanja Ausma krige De Koer fan Fryslân

Jos Thie oer de nije show fan Armin van Buuren

Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum

Inez Timmer oer har nije show Op alle fronten

13:10 - Michael Jackson - Billy Jean
13:17 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:21 - Defries - Wize West
13:24 - Amii Stewart - Knock On Wood
13:33 - Tom Jones & Mousse T. - Sex Bomb
13:45 - Jan Smit - Vrienden Voor Het Leven
13:48 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines


14:06 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
14:11 - Anouk - Dominique
14:27 - Sting - Englishman In New York
14:34 - Black Eyed Peas - Don't Lie
14:45 - Sake - Suderplein
14:50 - Rick James - Superfreak


15:06 - Santana (Ft. Rob Thomas) - Smooth
15:13 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
15:24 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
15:27 - Bruno & Judith - Sulveren Snie (Harkersliet 2011)
15:36 - Chic - Good Times
15:45 - Sheppard - Geronimo
15:52 - Bryan Adams - Summer Of 69

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)