Geert yn de middei fan 29 april 2015 13:00

Ferslachjouwer Timo Jepkema fleant der fan 'e middei wer út! En dit kear bedarre syn pylkje yn Mantgum. Ha jo nijsgjirrich nijs oer dit plak? In lokaasje dêr't Timo perfoarst efkes sjen moat? Of ha jo sels in moai ferhaal en stiet de kofje klear? Lit it ús witte. Mail nei geert@omropfryslan.nl of belje mei 058 299 78 80. Wa wit komt Timo by jim del!

Wy belje efkes mei Anne Ruth Groen. Sy is sjoernaliste en siket Fryske froulju dy't nei de oarloch by de Unie van Vrouwelijke Vrijwilligers holpen hawwe om Arnhem wer bewenber te meitsjen. Dêr sil Anne Ruth in film oer meitsje en se siket noch moaie persoanlike ferhalen. Hawwe jo in tip? Mail nei agroen@gld.nl of belje mei 026 371 3713.

Ek ha wy kontakt mei Conny Groot en Kees Koudstaal. Sy fertelle oer harren projekt Music Generations, in sjongprojekt foar âld en jong, dat op 4 maaie organisearre wurdt.

En wy sjogge mei Dick Jansen foarút op it befrijingsfestival yn Ljouwert. Op 1 maaie wurdt Victory park - it neiboude Kanadeeske tintekamp - ynrjochte. Ek komme de earste gasten dan al oan. Se binne dan hielendal yn Kanadeeske sfear klaaid, lykas by de befrijing 70 jier lyn.

Dick Jansen oer it Victory Park

Anne Ruth Groen siket Fryske froulju dy't by de UVV sitten ha

Ha jo in tip foar Anne Ruth? Belje 026 371 3713 of mail nei agroen@gld.nl.

Kees Koudstaal oer it sjongprojekt Music Generations

Anne Muller fan Feriening Doarpsmienskip Mantgum

Mantgum-kenner Nico Kloppenborg

Bakkerij Sybesma hat it Mantgumer Preamke

Johan Vogelzang set in tafeltennisferiening op

Frou Terpstra swimt elke dei yn de Mantgumer feart

13:10 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
13:15 - Lunchmoney Lewis - Bills
13:22 - Mumford & Sons - Believe
13:26 - Anouk - Places To Go
13:33 - Superheavy - Miracle Worker
13:41 - Nelly Furtado - Powerless (Say What You Want)
13:52 - Charles & Eddie - Would I Lie To You
14:04 - Robbie Williams - Rock Dj
14:10 - Kenny B - Parijs
14:14 - Years & Years - King
14:22 - Elvis Presley - Suspicious Minds
14:29 - Counting Crows - Big Yellow Taxi
14:38 - Baseballs - Umbrella
14:46 - Mariusz & De Muzikanten - Blaas Der Op
15:05 - E.L.O. - Don't Bring Me Down
15:10 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
15:20 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
15:29 - Lost Frequencies - Are You With Me
15:34 - Aretha Franklin - Respect
15:44 - Lipps Inc - Funky Town
15:53 - Ozzy Osbourne - Mama, I'm Coming Home
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)