Geert yn de middei fan 28 septimber 2015 13:00

    Geert van Tuinen giet fan 'e middei wer de grins oer. De middei begjint mei in bysûndere gast. Marijke Hornstra komt nammentlik lâns yn de studio. De ôfrûne moannen hiene wy har alle moandeitemiddeis om kertier oer trijen oan de telefoan. Op 'e fyts reizge se fan it ûnderste puntsje fan Súd-Amearika nei it noardlikste puntsje: Alaska. Mar oan dizze reis kaam ôfrûne wike twongen in ein, om't Marijke's freon Jelte opereard wurde moat oan syn knibbel. En dus binne se no werom yn Fryslân. En fansels kin it dan net oars as Marijke komt efkes nei de studio!
    En takommene jier as Jelte's knibbel wer better is, giet de fytstocht wer fierder. Sjoch ek nei harren webside marijkeenjelteopreis.nl, dy is fan nije wike ôf yn de loft.

    Ek ha wy kontakt mei Pieter Theo Burggraaff. Hy wennet no sa'n acht jier yn Kuta op Bali. Pieter Theo is troud en hat twa bern. Ek hat er twa eigen bedriuwen: Send from Bali, in kargobedriuw en Intership Bali, in bedriuw yn staazjebemiddeling. Genôch drokte dus. Mar hoe kaam er sa yn Bali telâne?

    It nijs fan de ôfrûne wiken waard fansels dominearre troch alle berjochten oer de flechtlingen dy't massaal nei Europa komme. Ien fan de lannen dy't de measte flechtlingen opnimt is Dútslân. Wat fernimt Jeljer Bouma yn Berlyn dêr fan? En hoe komt it dat Dútslân al dizze minsken sa hertlik opnimt, wylst oare lannen se it leafst noch by de grinzen keare soenen?

    En fansels draaie wy wer moaie plaatsjes fan oer de grins en gewoan út Fryslân. Wy ha der wer sin oan! Binne jim der ek wer by?

    Patrick van der Meulen út Ljouwert is mei syn broer Milan yn Amearika en dêr krije se dizze wike in milieutraining fan Al Gore. Patrick is noch mar 23 jier mar no al in jonge ûndernimmer mei syn broer. Sy binne leveransier fan duorsame sinne-enerzjy en hâlde harren dwaande mei de feroaringen yn duorsume enerzjy. Sa binne se útkeazen om dizze training te folgjen en dat is bysûnder. It is in eksklusive training dy't sy krije! Dus it is best spannend, want Al Gore is fansels ek net de earste de bêste. Hy wie vice-presidint fan Amearika en no in bekende milieuaktivist.

    Nei oanlieding fan it earste jubileum fan de Binnenmarkt yn Bútenpost servearje sy dêr in nij soarte fan kofje: de útstelde kofje. Wat dat no krekt is, sil Tjishe van der Meer ús útlizze

    Pieter Theo Burggraaff út Kuta, Bali

    • Pieter Theo Burggraaff út Kuta, Bali

    Jeljer Bouma út Berlyn

    • Jeljer Bouma út Berlyn

    Patrick en Milan van der Meulen út Miami

    • Patrick en Milan van der Meulen út Miami

    Tjishe van der Meer út Bûtenpost oer útstelde kofje

    • Tjishe van der Meer út Bûtenpost oer útstelde kofje

    13:09 - Michael Doucet - Bayou Pon Pon
    13:13 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
    13:27 - Queen - Bicycle Race
    13:32 - Maroon 5 - Sunday Morning


    14:06 - Allman Brothers Band - Ramblin' Man
    14:12 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
    14:24 - Time Bandits - I'm Specialized In You
    14:29 - Beach Boys - Surfin' U.S.A
    14:34 - Status Quo - In The Army Now
    14:38 - Chef' Special - In Your Arms
    14:51 - Snow Patrol - Just Say Yes
    14:55 - Jerry Lee Lewis - Great Balls Of Fire


    15:05 - Fleetwood Mac - Don't Stop
    15:09 - Douwe Bob - Sweet Sunshine
    15:19 - Carol Line - Single Of The Year
    15:29 - Doede Veeman - Bart Jan
    15:34 - Maywood - Rio
    15:44 - Vof De Kunst - Een Kopje Koffie
    15:53 - Elvis Presley - Are You Lonesome Tonight (Laughing Version)
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)