Geert yn de middei fan 28 april 2015 13:00

    Femke de Walle siket hjoed wer foar jo nei allerhanne guod yn Omrop Help. Sa belje wy mei frou Talsma fan Harns. Sy siket nei in saneamde 'Wonderpan', dêr't se cake yn bakke kin sûnder dat er yn de oven hoecht. Dizze wonderpanne kin op gas set wurde.

    Frou Veenstra fan De Harkema siket it boek 'De hierbaas fan De Westereen'. Dit boek hat se útliend en net weromkrigen. Yn it boek stiet in stikje oer har pake en beppe.

    Jacoba de Jager fan Drachten wol graach it breidpatroan ha fan in dinosaurus, dy't yn in trui ynbreide wurde kin. De sturt fan it bist komt dan op de rêch te sitten. Frou De Jager hat dit patroan alris yn in boekje fan Lanarte sjoen, mar kin it net mear fine.

    En wy sykje foar aaisykster Jinke Kuperus it boekje 'De kunst van het eierenzoeken', skreaun troch F.A. Dijkstra út Aldeboarn. Dat waard yn 1879 al útjûn en hat al hiel wat drukken hân.

    We belje efkes mei Marlies van Sint Annaland út Amsterdam fan de webside Hotelaccessibility.com.
    Hotelaccessibility.com wol fakânsjes fan minsken yn in rolstoel makliker meitsje. In tagonklik hotel of appartemint is tige wichtich. Sûnder noch ûnferwachte ôfstapkes of dochs noch twa trêden. Se garandeare tagonklikheid fan de hotels ynternatsjonaal! En minsken mei in beheining, dus ek yn in rolstoel, boeke faaks sels harren fakânsjes. Se bepale sels harren budzjet en it lân fan bestimming. Mar dan moatte se ek witte dat se yndied yn in rolstoelfreonlik ferbliuw komme. Se sykje ek noch minsken dy't harren ûnderfinings op dit mêd trochjaan wolle.
    http://www.hotelaccessibility.com

    Fansels ha we wer kontakt mei Froukje Bouma fan it befrijingsfestival. Sy sil it ha oer it doarreprojekt fan de skoalbern (de doar nei de frijheid) en oer oare losse projekten lykas speeddaten mei feteranen, frij yn 5 minuten. En der is in bernetinte dêr't allerhande aktiviteiten binne.

    Ta beslút belje wy efkes mei Saskia Rosendaal. Dit wykein waard de Boek-o-Maat yn Drylts iepene. In lytse bibleteek, dêr't minsken boeken liene kinne. Sa hâldt it stedsje dochs noch in eigen bibleteek.

    Hawwe jo ien fan boppesteande saken? Wy hearre it graach! Jo kinne jo reaksje maile nei geert@omropfryslan.nl of belje ûnder de útstjoering mei 058 299 7880. In sms'ke of appke stjoere kin fansels ek nei 06 20 499 199.

    13:07 - Blues Brothers - Everybody Needs Somebody
    13:12 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
    13:16 - Douwe Bob - You Don't Have To Stay
    13:23 - William Seen's Transport Music - Standing Here With My Car
    13:26 - Ernst Langhout Band - De Popkeskower
    13:32 - Rob De Nijs - Banger Hart
    13:39 - Kensington - War
    13:44 - Espen Lind - When Susannah Cries
    13:52 - Rommy - As De Ljip Yn 't Lan Is
    14:04 - Billy Ocean - When The Going Gets Tough, The Tough
    14:11 - Alain Clark - Love Is Everywhere
    14:15 - Imagine Dragons - I Bet My Life
    14:25 - Elvis Presley - A Little Less Conversation (Jxl)
    14:31 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
    14:37 - Fun - Some Nights
    14:41 - Taylor Swift - Style
    14:51 - Daniel Kolk - Fyts (Studio Fersy)
    14:53 - Andre Hazes - Buona Sera
    15:05 - Years & Years - King
    15:11 - Natalie Imbruglia - Torn
    15:19 - Peter Allen - I Go To Rio
    15:26 - Wiz Khalifa Feat. Charlie Puth - See You Again
    15:32 - Madonna - Papa Don't Preach
    15:41 - Corrs - Breathless
    15:47 - Dotan - Hungry
    15:51 - John Mellencamp - R.O.C.K. In The U.S.A.
    15:53 - Willeke Alberti - Ome Jan
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)