Geert yn de middei fan 27 oktober 2015 13:00

    It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help.

    Frits van der Heide fan De Lemmer siket foar Stichting Kinderhulp Uganda mikrofoans foar in bernedoarp yn Uganda. Hy is belutsen by de bou fan in doarp foar weesbern. Yn de skoalle en mienskipsromten kinne se goed in pear mikrofoans brûke. Wa wol dit goede doel stypje?

    Frou Anema út Frjentsjer siket in bestekbak foar al har teeleppeltsjes. Al jierren sparret se leppeltsjes dêr't de plaknamme op stiet fan wêr't de leppeltsjes weikomme. Yntusken hat se der hûnderten, mar se kin se net mear kwyt. De bestekla sit groatfol. Dus tiid foar in nije la. Mar sa'n ien dy't frou Anema siket, dy wurde net mear makke.

    Frou Flapper út Aldskoat hat in hiele bulte borduerjern oer. Se hat sels altyd in soad borduert, mar dat wol no net mear om't se lêst hat fan har hannen. Miskien wol in ynstelling, foarsoargingstehûs of immen oars it jern fan har oernimme. Want fuortsmite is ek skande.

    Ietsje Deelstra út Dokkum siket foar in goede freondinne it boek 'It Boerefolk', skreaun troch Sibe Meinderts van der Galiën. It ferhaal yn it boek spilet him ôf yn Broeksterwâld yn de strjitte it Blok. Dat is de strjitte dêr't har freondinne mei har man jierren wenne hat. Dêrom soe se it boek graach nochris lêze wolle.

    Frou De Kroon-Hoeksema fan Koudum fûn in pear jier lyn in nijsgjirrige brief yn in âld blikje. Boppe-oan stiet 'De laatste brief van den stervende soldaat'. De brief begjint as folget: "Dit zal, o vrouw, de laatste breif wel wezen die gij ontvangt van mij uit 't hospitaal." It is in brief fan in soldaat dy't ferwûne rekke is en op syn stjerbêd in brief skriuwt oan syn frou. In yndrukwekkend ferhaal en no freget frou De Kroon har ôf oft dit in echte brief is fan har foarâlden, of dat it giet om in ferske of liet.

    Ha jo ien fan boppesteande saken yn de kast stean en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte! Belje mei 058 212 36 18 of stjoer in sms'ke of appke nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei geert@omropfryslan.nl.

    13:09 - Dwight Yoakam - Streets Of Bakersfield
    13:13 - Level 42 - Lessons In Love
    13:23 - Thelma Houston - Don't Leave Me This Way
    13:35 - Maxi Priest - Close To You
    13:45 - Van Morrison - These Are The Days
    13:52 - Common Linnets - Hearts On Fire
    14:08 - Mavericks - All You Ever Do Is Bring Me Down
    14:13 - Tina Turner - Typical Male
    14:25 - Everly Brothers - On The Wings Of A Nightingale
    14:28 - Blondie - Denis
    14:34 - Michel Telo - Ai Se Eu Te Pego
    14:45 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels
    14:53 - Buddy Holly - Rave On
    15:06 - Texas Tornados - Soy De San Luis
    15:32 - Frankie Miller - Be Good To Yourself
    15:42 - Rika (Zwarte Riek) Jansen - M'n Wiegie Was Een Stijfselkissie
    15:49 - Beatles - Hello Goodbye
    15:52 - Rene Innemee - Oh It's You
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)