Geert yn de middei fan 26 oktober 2015 13:00

    Geert van Tuinen iepenet hjoed de middei mei trûbadoer Adri de Boer. In muzykman yn ieren en sinen. Mei syn waarme ferskes wit er by elkenien in gefoelige snaar te reitsjen. Mar leafst tsien kear stie Adri yn de finale fan it Fryske songfestival Liet. Twa kear wûn er mei in nûmer dat er sels skreaun hie. Want njonken muzikant is Adri ek noch singer-songwriter.

    En fansels gean wy de grins wer oer. Sa belje wy mei Pieter Vogels fan Furdgum. Pieter hat ekonomy studearre en wurket no foar de Rabobank. Dêr hâldt er him dwaande op it mêd fan agraryske yndustry. Rom twa jier hat er yn Hongkong sitten en letter noch yn Shanghai. Sûnt in healjier wurket er lykwols yn Oklahoma, dêr't er wat mear kontakt hat mei de boeren. As boeresoan, syn heit is ierappelboer, kombinearret er sa syn beide passys.

    Bouwe Jens Heida fan Nijhoarne komt del yn de studio. Hy wurket yn de Coöp Supermerke yn Nijhoarne, mar hat in baan oanbean krigen op Aruba en dat liket him prachtich ta. Op 1 novimber begjint er, dus hy hat noch krekt efkes de tiid om by ús lâns te kommen.

    Elske Eijzenga. Sy sit foar staazje yn Gana. Elske docht de oplieding Ferpleechkunde en wurket no yn it St. John of God Hospital yn Dvayaw Nkwanta. Hoe befalt it har dêr? Wat foar staazje is dit krekt? En wat binne de ferskillen mei Nederlân?

    En wat is in 'sommeltsje'? Wy wite it net, mar we ha heard dat der sels in sommeltsje paad is. Dat is dan wol op Tessel, mar in Frysk famke út Dolstrahúzen hat der wat mei te meitsjen. We belje efkes.
    Sjoch ek op de facebookpagina Femke's sommeltje!

    Klasiena Koning oer Femkes sommeltsje

    • Klasiena Koning oer Femkes sommeltsje

    Bouwe Jens Heida fan Nijhoarne giet nei Aruba

    • Bouwe Jens Heida fan Nijhoarne giet nei Aruba

    Pieter Vogels fan Furdgum en no yn Oklahoma

    • Pieter Vogels fan Furdgum en no yn Oklahoma

    13:10 - Texas Tornados - Dinero
    13:15 - Kensington - Riddles
    13:33 - Roots Syndicate - Mockin' Bird Hill


    14:06 - Ike & Tina Turner - River Deep Mountain High
    14:12 - Wang Chung - Dance Hall Days
    14:25 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
    14:29 - Jaap Louwes - Bier Yn 't Hier
    14:32 - Racoon - No Mercy
    14:41 - Eddy Grant - Gimme Hope Jo'anna
    14:52 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You


    15:04 - Paul Mccartney - Hope Of Deliverance
    15:08 - Eurythmics - Sweet Dreams
    15:22 - Wayne Wade - Lady
    15:26 - De Hunekop & Strawelte - De Herder En De Wetterhun
    15:33 - Ian Dury - Sex & Drugs & Rock & Roll
    15:37 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
    15:43 - Guus Meeuwis - Zo Ver Weg
    15:47 - Aretha Franklin & George Michael - I Knew You Were Waiting For Me
    15:56 - Rika (Zwarte Riek) Jansen - M'n Wiegie Was Een Stijfselkissie
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)