Geert yn de middei fan 24 augustus 2015 13:00

    Geert yn de middei wurdt hjoed ôftrape troch tûzenpoat Immie Jonkman. Sy hat in eigen bedriuw yn kommunikaasje en organisaasje. Sy sit yn it bestjoer fan de Keninklike Feriening De Friesche Elfsteden, is projektlieder fan de Slachtemaraton, en noch folle mear. Se hat ek by it Iepenloftspul Jorwert en it Fries Straatfestival belutsen west. Krektlyn is sy produser fan Royal Friesian wurden, dat is in ûnderdiel fan Fryslân 2018. Wat dat krekt ynhâldt sille we harsels freegje.

    En we belje fansels mei Friezen yn it bûtenlân.
    Sa hearre we hoe't it by Geert Jan Vaartjes op Mauritius is. Hoe giet it mei him en syn gesin? Hoe giet it op syn fakânsjeresort?
    En we belje mei Sierd van der Bij yn Súd-Afrika. Hoe giet it mei him en syn gesin?

    Fansels ha we ek wer kontakt mei Marijke Hornstra. Sy is dwaande mei in fytstocht fan Súd-Amearika nei Alaska en is no noch yn Kolombia. Har freon fytst al in skoftke mei har mei. Hoe giet it mei harren?

    Ynkoarten start Omrop Fryslân de nije tv-searje Tafel 18, wêryn’t der op syk gien wurdt nei de bêste amateurkok fan Fryslân. Kandidaten kinne har noch in wike lang oanmelde. Miranda Werkman sil it programma presenteare. Bart Kingma produsearret de searje en komt del om hjir wat oer te fertellen.

    Sierd van der Bij út Kaapstad, Súd-Afrika

    • Sierd van der Bij út Kaapstad, Súd-Afrika

    Geert Jan Vaartjes wennet en wurket op Mauritius

    • Geert Jan Vaartjes wennet en wurket op Mauritius

    Marijke Hornstra is dwers troch de woestyn nei Bogota fytst

    • Marijke Hornstra is dwers troch de woestyn nei Bogota fytst
    13:07 - Swamp - Otras Y Otras
    13:12 - Listenbee - Save Me
    13:30 - Shangri-Las - The Leader Of The Pack
    13:36 - George Baker - Una Paloma Blanca (Fryske Fersy!)
    13:54 - Janis Joplin & The Full Tilt Boogie Band - Cry Baby
    14:05 - James Blunt - Stay The Night
    14:10 - Jason Derulo - Want To Want Me
    14:19 - Elton John - Candle In The Wind
    14:20 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
    14:23 - Elton John - Candle In The Wind
    14:28 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
    14:34 - Two Man Sound - Disco Samba
    14:46 - Lutricia Mc Neal - Ain't That Just The Way
    14:51 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines
    15:04 - Racey - Some Girls
    15:09 - Years & Years - King
    15:22 - Madonna - Holiday
    15:26 - Brooke Fraser - Something In The Water
    15:31 - Richard Marx - Satisfied
    15:35 - Eric Clapton - Tears In Heaven (Unplugged)
    15:44 - Bachelors - Margie
    15:53 - Bloem - Omdat
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)