Geert yn de middei fan 23 april 2015 13:00

Tongersdei folgje wy altyd de koer op syn reis troch Fryslân. De koer wie by Sonja Kuik yn Haulerwyk en hy bliuwt noch efkes yn Haulerwyk. Sonja joech de koer nammentlik troch oan Sietse Lugtenveld. Sietse is in warber man en is al 25 jier helpkoster. Ek is er haad technyske tsjinst by it iepenloftswimbad. En hy docht noch folle mear.

Wy belje efkes mei it Lûk Rock festival yn Wjelsryp, dat dit wykein foar de 25e kear organisearre wurdt. Wat foar bands stean der dit kear op it poadium?

Ek ha wy Erik Wijtsma oan de tillefoan. Hy hat in levertransplantaasje hân en is ien fan de sân dielnimmers dy't op twadde pinksterdei de alvestêdetocht fytse sil. Hy fertelt ús syn ferhaal.

De Fleanbasis Ljouwert hat it drok mei de Frisian Flag oefeningen dizze wiken. Mar der steane mear opmerklike dingen op steapel. De Fleanbasis Ljouwert organisearret op freed 1 maaie in konsert foar War Child. It is in konsert fan it Loftmachtorkest mei gastartysten. Kirsten Beek-Regnering fertelt hoe't jo de kaarten keapje kinne.
Bestelle kin fia https://luchtmachtkapel.avayo.nl

We prate mei Froukje Bouma fan it befrijingsfestival yn de oanrin nei 5 maaie. Juster is it befrijingslied fan Fryslân fan dit jier lansearre. It is makke en skreaun troch Vangrail. Froukje Bouma fertelt wêrom't se Vangrail útkeazen ha om dit jier it lied te skriuwen. Raynaud Ritsma fertelt hoe't se it fûnen om dit te dwaan en oft it dreech wie sa'n lied te skriuwen.

Erik Wijtsma fytst mei donororgaan de fytsalvestêdetocht

De Koer fan Fryslân is by Sytse Lugtenveld fan Haulerwyk

Konsert Loftmachtkapel op fleanbasis Ljouwert

Petear oer nij lied befrijingsfestival

13:08 - Maroon 5 - Sugar
13:14 - Die Twa - Tiden Binne Tiden
13:18 - Taylor Swift - Style
13:22 - Mark Knopfler - Beryl
13:25 - Gino Vannelli - Wild Horses
13:32 - Phil Collins - Another Day In Paradise
13:41 - 3Js - Kamers Van M'n Hart
13:47 - Tjeerd Abma - Waiting
14:05 - Eli - Paperboy - Reed - Come And Get It
14:09 - Racoon - Guilty
14:20 - Hall & Oates - Rich Girl
14:22 - One Direction - Story Of My Life
14:28 - Reboelje - In Nij Begjin
14:33 - Paul Young - Love Of The Common People
14:42 - Kensington - War
14:44 - Ariana Grande - One Last Time
14:53 - Nancy Sinatra & Lee Hazlewood - Jackson
15:04 - Stevie Wonder & 98 Degrees - True To Your Heart
15:10 - Graig Mclachlan & Check 1-2 - Mona
15:17 - Nickelback - Rockstar
15:32 - Twarres - I Need To Know
15:48 - Chieftains Mei The Corrs - I Know My Love
15:53 - Rammstein - Sonne
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)