Geert yn de middei fan 22 septimber 2015 13:00

    It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. Dit kear in wol hiel bysûndere Omrop Help. Baltrun út Dútslân en Thomas út België komme del yn de studio. Beide binne ynternasjonale studinten, dy't op it Drachtster Lyceum yn Drachten sitte. Op dit stuit wenje se by in tydlik gastgesin, mar se sykje foar de rest fan it jier in oar plak om te wenjen.
    Liket it jo leuk om gastgesin te wurden foar in studint, dan kinne jo kontakt opnimme mei YFU, tillefoan 0297-264850 of fia www.yfu.nl

    Harm de Groot út Warkum siket in pear krukken. Hy hat lest fan de knibbel, mar is op dit stuit net yn de gelegenheid (finansjeel sjoen) om by bygelyks it Griene Krús krukken te lienen of te keapjen. Op dit stuit hat er in pear krukken te lien, mar dy famylje hat se eins sels wer nedich. Dus wa hat in pear krukken te lien foar Harm?

    Herre Rykema fan Sint Nyk siket in Panorama út 1961. Dêr stiet in reportaazje yn oer it fierljeppen yn Winsum. Syn heit en omke ha dêr west. Se wiene let, dus moasten achteroan sitte. No seagen se dat der op de gastetribune noch plakken ûnbeset wiene. Se ha harren do útjûn as gast en kamen sa te sitten tusken de boargemaster fan de gemeente fan Winsum. Dêr is doe in foto fan makke en dy stie yn dy Panorama. Nei alle gedachten is dit it nûmmer fan augustus of septimber 1961.

    En de Stichting Anfean siket nij ûnderdak. De stichting sammelet guod yn foar minsken dy't yn akute help sitte en bygelyks klean, berneweinen of linnenguod nedich hawwe. Al dit guod wurdt ynsammele en opslein yn de sporthal fan Koatstertille. Mar fan 1 desimber ôf is dêr gjin plak mear. En dus sykje de frijwilligers fan Anfean nij plak yn Koatstertille. Wa hat noch in loads of oar opfangplak?

    Ha jo in tip foar Omrop Help? Lit it ús witte! SMS of app nei 06 20 499 199. Maile kin nei geert@omropfryslan.nl. Belje kin ek mei 058 212 36 18. En ha jo sels in Omrop Help-fersyk? Wy hearre it graach.

    Tim Runia út Snits hat op 11 juny by ús fertelt dat hy yn de race om de nije presintator fan it reisprogramma 3 Op Reis fan BNN te wurden. Tim hie in eigen filmke nei BNN stjoerd en is doe selektearre as ien fan de 18 kandidaten. Hy hat 4 dagen op reis west mei Jan Kooyman en Geraldine Kemper. Dizze ôfleverings wiene op 18 en 19 juny op televyzje te sjen. Tim moast safolle mooglik stemmen ha om troch te gean nei de folgjende ronde. Dan mocht er noch in kear mei nei Tailân, Hongkong, Panama of Kolombia.
    En.............juster hat hy de titel wûn. Hy hie de measte stimmen krigen. Hy mei no as co-host mei nei Laos yn novimber! Dit komt kommende foarjier op de tillevyzje. Hoe is dat no om mei te meitsjen?

    Ellen Biemond en Marjon van Hees oer YFU gastgesinnen

    • Ellen Biemond en Marjon van Hees oer YFU gastgesinnen

    Tim Runia út Snits, nije co-presintator BNN op Reis

    • Tim Runia út Snits, nije co-presintator BNN op Reis

    13:10 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
    13:16 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
    13:24 - Coldplay - Viva La Vida
    13:27 - Racoon - Oceaan
    13:33 - De Kast - Neem Me Zo
    13:40 - Paul Mccartney - Listen To What The Man Said
    13:47 - Abel - Neem Me Mee


    14:05 - Shania Twain - Whose Bed Have Your Boots Been Under
    14:13 - Kensington - Riddles
    14:26 - Wind Earth & Fire - September
    14:32 - Gotye (Ft Kimbra) - Somebody That I Used To Know
    14:36 - Abba - Knowing Me, Knowing You
    14:52 - Echosmith - Cool Kids
    15:05 - Seal - Crazy
    15:11 - John Mayer - Perfectly Lonely
    15:15 - Julia Zahra - Just An Illusion
    15:20 - Slechte-Rik & Dj Dulac - Mien Dwarp
    15:24 - De Dijk - Mag Het Licht Uit
    15:28 - Tina Turner - When The Heartache Is Over
    15:34 - Aretha Franklin & George Michael - I Knew You Were Waiting
    15:45 - Weeknd - Can't Feel My Face
    15:52 - Lou Bega - Mambo No. 5

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)