Geert yn de middei fan 21 april 2015 13:00

    Omrop Help giet hjoed wer foar jo op syk nei allerhanne saken. Sa siket Folkert Bilstra it boek 'De Grote Trek' en de film To hell and back.

    Tienie Slootstra út Wolvegea hat in hiel soad lege diaraamkes en in diaprojektor. Sy siket in feriening of klup dy't hjir ynteresse yn hat. Dus binne jo noch aktyf mei it presintearjen fan dia's? Lit it ús witte en wa wit is it guod foar jo.

    Anneke de Vries siket breidpatroanen fan 'De kleren van de kleine Keizer', dat útjûn waard om 1960 hinne ta eare fan de berte fan de âldste soan fan de sjah fan Perzië. Se hat de patroanen al in skoftke hân, mar is se wer kwytrekke.

    Hawwe jo it boek fan Folkert tafallich yn de kast stean? Witte jo immen dy't fanatyk dwaande is mei dia's? Of ha jo de breidpatroanen fan Anneke yn hannen hân?

    Wy hearre it graach! Jo kinne jo reaksje maile nei geert@omropfryslan.nl of belje ûnder de útstjoering mei 058 299 7880. In sms'ke of appke stjoere kin fansels ek nei 06 20 499 199.

    Oprop foar it befrijingsbrochje foar âlderein

    • Oprop foar it befrijingsbrochje foar âlderein

    Webside foar Kjelle Visser, noch mar alve dagen âld

    • Webside foar Kjelle Visser, noch mar alve dagen âld
    13:11 - Faith Hill - This Kiss
    13:16 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
    13:24 - Chef' Special - In Your Arms
    13:27 - Lost Frequencies - Are You With Me
    13:32 - Rod Stewart - Baby Jane
    13:42 - Bauke Van Der Woude Kombo - Juntiid
    13:48 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    13:55 - Mavericks - Here Comes My Baby
    14:04 - Rihanna - Don't Stop The Music
    14:12 - Ariana Grande - Love Me Harder
    14:16 - Marcel Smit - Omstekeard
    14:27 - Simply Red - Something Got Me Started
    14:33 - Diana Ross - Upside Down
    14:41 - Omi - Cheerleader
    14:47 - Trijntje Oosterhuis - Good Day
    14:50 - Gurbe Douwstra - Thus
    15:03 - Emotions - Best Of My Love
    15:08 - 4 The Cause - Stand By Me
    15:18 - 3Js - Twee Zielen
    15:22 - Mark Knopfler - Beryl
    15:29 - Jewel Akens - The Birds And The Bees
    15:34 - Time Bandits - I'm Only Shooting Love
    15:44 - Krystl - Golden Days
    15:49 - Taylor Swift - Style
    15:54 - Dj Paul Elstak - Rainbow In The Sky
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)