Geert yn de middei fan 20 oktober 2015 13:00

It is hjoed tiisdei, dus tiid foar Omrop Help.

Jannes Kijlstra út De Pein siket de film 'The battle of Neretva'. De film giet oer de Partizanen yn de Twadde Wrâldoarloch yn Joegoslavië. Kijlstra wie dizze simmer op fakânsje yn Bosnië. Dêr spilet de film him ek ôf. Hy hat by de brêge west dy't opblaasd is troch de Partizanen en dy't ek yn de film te sjen is. De brêge hinget noch hieltyd yn it ravyn. Kijlstra soe de film graach sjen wolle, mar kin 'm net fine.

Dhr. Terpstra út Dokkum wol graach witte wa't de Fryske oersetting makke hat fan it ferske Onder de lindeboom. Dit ferske is fan Schubert en Hermann Prey. It koar út Holwert, dêr't Terpstra nau by belutsen is, song de Fryske ferzje fan it nûmer by harren 50-jierrich jubileum. Mar Terpstra kin mar net efterhelje wa't dizze oersetting makke hat.

Fansels ek fan 'e middei wer oandacht foar de Fryske Top 100 wike mei de Wit de Hit-kwis, de plaat fan in listtriuwer en de slotplaat. Dizze middei giet de slotplaat oer bisten en jimme kinne kieze út -'Poeskes' fan Sebeare, -'De baarch' fan Occajun en -'Otte de otter' fan Anneke Douma. Sms of app nei 06-20 499 199, of mail nei geert@omropfryslan.nl.
En...... ek dizze middei kieze we in stimmer fan de Fryske Top 100 en dy wint in Fryske tóp cd!!

13:10 - Flaco Jimenez - Open Up Your Heart
13:15 - Bee Gees - You Win Again
13:26 - Kool & The Gang - Celebration
13:35 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
13:48 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
14:08 - Smokey Robinson - Tears Of A Clown
14:13 - Donna Summer - Bad Girls
14:25 - Albert Hammond - Free Electric Band
14:36 - Michael Buble - It's A Beautiful Day
14:42 - Nico & Vinz (Ft. Kid Ink And Be) - That's How We Know
15:06 - Tarkan - Simarik
15:21 - Griet Wiersma - Frysk Hynder
15:28 - Raymond Van Het Groenewoud - Cha Cha Cha
15:34 - Labelle - Voulez Vous Couchez Avec Moi
15:41 - Johannes Rypma - In Groet
15:45 - Wiko's - It Bûthúsbankje
15:53 - Occajun - De Baarch

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)