Geert yn de middei fan 2 april 2015 13:00

Hjoed folgje we de koer wer op syn reis troch Fryslân. Baukje Buursma út Drachten hie de koer en brocht him nei Mattie van Bruggen fan Drachten. Mattie docht fan alles en is tige warber as frijwilliger. Se is âlderling, besoarget kaartsjes yn fersoargingshuzen en rint kollektes.

Wy belje efkes mei Germ de Witte is fan de wurkgroep 'The Passion yn de Bjirmen'. Yn de Bjirmen ha se dit wykein de útfiering fan The Passion. By it spektakel binne sa'n 180 minsken belutsen, fan spilers en sjongers oant technisy, ljochtregelaars en EHBO'ers. Ek de drumband, sjonggroepen en ferskate sjongers út it de omkriten dogge mei.

Ek belje wy mei Sjoerd Bonnema fan De Kleine Salamander. Hy spilet al mear as 18 jier op de digeridoo, it wrâldferneamde ynstrumint út Australië.

Yn it Oosterpark yn Harns hawwe se al fiif wiken lang oerlêst fan protters yn it park. Bewenners besykje no mei fjoerwurk de bisten fuort te krijen. Hoe't se dat dogge? Wy freegje it oan frou Visser út Harns. En ek oan ús fûgeldeskundige Johan de Jong. Want hoe lang sil dit noch oanhâlde?

Dit jier is der op earste peaskedei by de bernebuorkerij yn Drachten wer it "Eierfestijn", organiseare troch Kiwanis Club Drachten. It is in hiel bernespektakel dat al foar peaske begjint mei kleurplaten op skoalle. Tom Deutekom fan Kiwanis fertelt ús hjir alles oer. It jild dat it opsmyt wurdt skonken oan Stichting Leergeld Drachten.

13:05 - Rascal Flatts - Life Is A Highway (Cars)
13:11 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
13:15 - Daft Punk - Get Lucky
13:20 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
13:31 - Kenny Rogers & Dolly Parton - Islands In The Stream
13:42 - Ladysmith Black Mambazo - Homeless
13:52 - Skik - Logisch Toch (Of Niet)?
13:55 - Doede Veeman - Bart Jan
14:04 - Westlife - Uptown Girl
14:10 - Caro Emerald - Liquid Lunch
14:22 - Emmylou Harris - You Never Can Tell
14:25 - Ed Sheeran - Thinking Out Loud
14:32 - Soulsister - The Way To Your Heart
14:44 - Cliff Richard - Power To All Our Friends
14:50 - Katy Perry - Roar
14:54 - Sipke De Boer - Do
15:04 - Bee Gees - Night Fever
15:10 - Ub 40 - Kingston Town
15:18 - Dotan - Hungry
15:22 - Jamie Cullum - Don't Stop The Music
15:26 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
15:33 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
15:49 - James Bay - Hold Back The River
15:54 - Trammps - Disco Inferno
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)