Geert yn de middei fan 19 oktober 2015 13:00

Geert van Tuinen iepenet hjoed de wike muzikaal mei trûbadoer Jaap Louwes. Sûnt 1984 is Jaap dwaande mei syn "akoestyske rock & roll" yn Fryslân en omkriten. As trûbadoer en sjonger fan de ploech Bricquebec spile er yn kroegen, teaters, feesttinten, op strjitte en oeral dêt't it publyk him ha woe. In man mei moaie muzyk en prachtige ferhalen.

En fansels sil Geert wer oer de grins sjen. Wy besykje noch in kear mei Bregtje Sijtsma yn Skotlân te beljen. Twa wike lyn soene wy har ek oan de lijn ha, mar doe slagget it ús net har te pakken te krijen. Bregtje wennet yn Killin. Se wurket by in bedriuw dat aktiviteiten organisearret lykas kanoje, hike. En de jeugd brekt de boel der wolris ôf, dan moat Bregtje der foar soargje dat de boel wer yn oarder komt.

Douwe Wielstra út Wâlterswâld is alve jier lyn nei Kosta Rika emigrearre en wurket dêr as reisbegelieder, mar is benammen dwaande mei Permakultuer. Dat is in organyske foarm fan lânbou, wêrby't it natuerlike bosk as foarbyld tsjinnet. Der komt ek in sosjale kant by sjen, want permakultuer wurdt benammen yn ynternasjonale mienskippen brûkt. Douwe wennet yn sa'n 'eco-doarp' en dat is in hiele oare wize fan libjen as wy yn Fryslân wend binne. Hy hie skjin syn nocht om slaafsk te wurkjen en dêrom hat er in permakultuer-buorkerij opsetten. Hy jout les yn permakultuer en yn jannewaris komt der in kursus. Sjoch ek op werdenergia.nl

En wy belje mei Wietske Zandberg út Frjentsjer, dy't al trije jier yn Dubai sit. Se hat International Business and Languages studearre en is troch in bedriuw yn Fryslân nei Dubai oerpleatst om dêr in soarte fan dependânse op te setten. Wietske wennet yn in compound mei oare bûtenlanners. Se hat it der tige nei it sin.

It is de Fryske Top 100 wike. Fansels ek fan 'e middei wer oandacht hjirfoar mei de Wit de Hit-kwis, de plaat fan in listtriuwer en de slotplaat. Dizze middei giet de slotplaat oer "De wike" en jimme kinne kieze út ‘Blauwe Moandei’ fan De Healers, ‘Happy ein’ fan Rients Gratama en ‘Sneontejûn yn ’e stêd’ fan Anneke Douma. Sms of app nei 06-20 499 199, of mail nei geert@omropfryslan.nl.

En...... ek dizze middei kieze we in stimmer fan de Fryske Top 100 en dy wint in Fryske tóp cd!!

Brechtsje Sijtsma út Skotlân

Douwe Wielstra út Kosta Rika

Wietske Zandberg

13:10 - Cajun Beano - Abe
13:28 - Fryske Famkes - Yn 'e Lijte By De Sedyk
13:34 - Timeless - Where Is The Love
13:45 - Gurbe Douwstra - Oktoberlan


14:05 - Spencer Davis Group - Keep On Running
14:10 - Tina Turner - We Don't Need Another Hero
14:22 - Mamas & Papas - Monday Monday
14:35 - Robbie Williams - Tripping
14:40 - Nynke Laverman - Duns Fan De Siedden
14:52 - Scrum - Amazing Grace (Live)


15:05 - Billy Joel - All About Soul
15:11 - Belinda Carlisle - Leave A Light On
15:34 - Hot Chocolate - Girl Crazy
15:45 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
15:50 - Healers - Blauwe Moandei

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)