Geert yn de middei fan 18 maaie 2015 13:00

    Geert van Tuinen iepenet de moandeitemiddei tegearre mei sjonger Eddy Dykstra. Oan de hân fan syn favorite platen út de jierren 70, 80 en 90 giet Eddy werom yn de tiid.

    Wy gean hjoed de grins wer oer! Dit kear belje wy mei Wopke Schaafstal. Wopke wurket as arsjitekt yn de miljoenestêd Beijing, Sina. Hy sit der al wer hiel wat jierren en is yntusken troud mei in Sardijnske frou, dy't by de VN wurket.

    En wy ha foar it earst kontakt mei Sandra Planting. Sy hat tegearre mei har man Hessel in "Haus am Wald" yn it prachtige plakje Steindorf am Ossiachersee yn Eastenryk. Nijsgjirrich nei de apparteminten fan Haus am Wald? Sjoch op www.hausamwald-karinthie.com

    En fansels belje wy wer efkes mei Marijke Hornstra. Marijke is tegearre mei har freon Jelte ûnderweis nei Ekwador. En de tocht giet noch folle fierder, want it úteinlike doel is Alaska. Ris sjen hoefier't se al binne!

    En hoe giet it mei model Milou Groenewoud? Wat hat sy de ôfrûne wiken by de ein hân?

    Eddy Dykstra is ús muzikale gast

    • Eddy Dykstra is ús muzikale gast

    Wopke Schaafstal sit yn Beijing, Sina

    • Wopke Schaafstal sit yn Beijing, Sina

    Model Milou Groenewoud

    • Model Milou Groenewoud

    Marijke Hornstra lit de bergen fan Perû efter har

    • Marijke Hornstra lit de bergen fan Perû efter har

    Sandra Planting hat in fakânsjehûs yn Eastenryk

    • Sandra Planting hat in fakânsjehûs yn Eastenryk
    13:07 - Allez Mama - Hunkeren
    13:12 - Avicii - The Nights
    13:22 - Beatles - All You Need Is Love
    13:28 - Eddy Dykstra - Thank You Canada
    13:34 - Madonna - Open Your Heart
    13:44 - Eagles - Desperado
    13:54 - Paul Simon & Linda Ronstadt - Under African Skies
    14:04 - Kenny B - Parijs
    14:09 - Family Of The Year - Hero
    14:19 - Guus Meeuwis - Het Is Een Nacht
    14:29 - Triggerfinger - I Follow Rivers
    14:35 - Talking Heads - Road To Nowhere
    14:47 - Frank Sinatra - Same Old Saturday Night
    15:04 - Tavares - Don't Take Away The Music
    15:09 - Eros Ramazzotti - Quanto Amore Sei
    15:21 - Lunchmoney Lewis - Bills
    15:25 - Blof - Dansen Aan Zee
    15:32 - Elton John - Sad Songs
    15:37 - Bob Bouber - Voor Niets
    15:47 - Years & Years - King
    15:54 - Zusjes De Roo - Blauwe Korenbloemen
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)