Geert yn de middei fan 16 juny 2015 13:00

    Omrop Help komt hjoed wer foar jo yn aksje. Geert van Tuinen siket fan 'e middei wer ferskate saken dy't jo kwyt binne.

    Sa siket Kittie Vasterling út Amsterdam fjouwer skilderijen, dy't har man sûnder opsetsin nei de kringloop winkel Estafette yn Frjentsjer brocht hat. De skilderijkes hawwe grutte emoasjonele wearde foar Kittie. Op ien oaljefarveskilderijke stiet har mem as lyts famke. It waard skildere troch in Poalske flechteling. In oar skilderijke hat de titel 'Why me' en is fan Michel van Overbeeke.

    Sjoerd Bakker fan It Hearrenfean siket in wandboerd dat de Kanadeeske soldaten krigen doe't se wer nei hûs gongen nei de Twadde Wrâldoarloch. In hiel soad guod bleau hjir lizzen en Bakker hopet noch ien fan dy buorden werom te finen. Hy is grut leafhawwer fan it Irish Regiment of Canada. Dat regiment siet op It Hearrenfean te wachtsjen om wer nei hûs te gean.

    Frou Abma út Snits siket it boekje Kening Boekeman en syn jonkje Pipernút. It is in hiel âld boekje en se krige it as bern. Frou Abma is yntusken 80 jier en fan it boekje is net mear oer as in pear fersliten feltsjes papier. Se soe it boekje hiel graach wer ha wolle.

    Frou Wever fan'e Joure siket de foardracht fan "Gepke mei de buollekoer" fan Lytse Sjoerd fan Mûnein.

    En ta beslút siket frou Talsma fan Harns in âlderwetsk knikkerspultsje. It is in fjouwerkante bak mei in hendel wêrmei't de knikker fuortsketten wurde kin. De knikker rekket allerhanne obstakels en belânet dan yn in gat mei 50, 100 of 500 punten.

    Ha jo ien fan dizze saken yn de kast stean of in skilderijke oan de muorre hingjen, en wolle jo it wol kwyt? Lit it ús witte! Belje kin nei 058 299 7880 of stjoer in mailtsje nei geert@omropfryslan.nl. SMS'e of appe kin ek nei 06 20 499 199.

    En sykje jo sels wat? Ek dan kinne jo kontakt mei ús opnimme. Wa wit gean wy ynkoarten foar jo op syk!

    Fit mei Femke is fansels moai, mar as jo no yn ferwachting binne kinne jo dan wol sporte?? It antwurd komt fan Elbrich de Boer dy't spesjale work-outs foar memmen en swangere froulju ûntwikkele hat! Sjoch ek op op www.mominbalance.nl

    Elbrich de Boer oer "work-outs" foar swangere froulju

    • Elbrich de Boer oer "work-outs" foar swangere froulju
    13:11 - Willy Nelson & Miles, Heather - Don't Call Me
    13:16 - Lost Frequencies - Are You With Me
    13:23 - Die Twa - Moaiste Tiid Fan It Jier
    13:31 - Rowwen Heze - Altied Op Zeuk
    13:36 - Boys Town Gang - Can't Take My Eyes Off Of You
    13:43 - Robin Thicke - Blurred Lines (Ft. T.I. & Pharrell)
    13:50 - Swiet & Bjuster - In Joene Yn Grins
    14:06 - James Blunt - Stay The Night
    14:10 - Years & Years - King
    14:20 - Luv' - You're The Greatest Lover
    14:27 - First Aid Kit - My Silver Lining
    14:33 - Culture Club - Karma Chameleon
    14:40 - Bricquebec - Strjitlizzer
    14:44 - Chordettes - Lollipop
    14:50 - Seinabo Sey - Younger (Kygo-Remix)
    14:54 - Wiebe Kaspers - Dream Mar Leave (Proloog)
    15:05 - Steely Dan - Reelin' In The Years
    15:12 - Crowded House - It's Only Natural
    15:19 - Butterfly - As De Simmer Komt
    15:23 - Barry Hay - Old Town
    15:27 - Hecht - Foto Fan Eartiids
    15:36 - Romantics - What I Like About You
    15:44 - Robbie Williams - Strong
    15:52 - Joe Cocker - With A Little Help From My Friends
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)