Geert yn de middei fan 15 septimber 2015 13:00

It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help! Marjan Faber wol graach mei minsken yn kontakt komme dy't mear witte oer de Zetzema float. Dizze kajútsylboaten binne jierrenlang ferhierd troch Zetzema, dy't tsjinoer Hotel Oostergoo siet. Marjan siket fakânsjefoto's, filmkes, ferhalen en anekdoates. It doel is om in boekje oer dizze sylskipkes út te bringen. It boekje sil presentearre wurde op in reünywykein fan de boaten en harren eigeners, takom jier yn Grou.

Anna Abma hat twa boartersguodpoppen krigen út in erfenis, dy't har mem eartiids makke hat. Se siket al in hiel skoft nei immen dy't har helpe kin om de poppen skjin te meitsjen. Dat is noch net sa maklik, omdat der ek dingen stive wurde moatte mei sûkerwetter. Wa soe Anna hjirby helpe wolle?

Willem Wilstra út Drachten siket foto's, byldmateriaal en moaie ferhalen oer de Grutte Tsjerke yn Drachten. Takom jier wolle se yn de Grutte Tsjerke in eksposysje hâlde oer de âlde en de nije Grutte Tsjerke. De eksposysje krijt de namme 'Schoonheid, wat ben je oud, wat ben je nieuw'. En dêrfoar sykje se noch foto's fan jierren lyn. De foto's wurde ynskand en de ferhalen wurde optekene. Ha jo in moai ferhaal, lit it ús dan witte!

Ta beslút siket frou Van der Heide in dwerchgeranium. Dat is in lytse geranium, dy't ek lyts bliuwt. Hokker kleur de plant hat, makket har neat út. Boppedat siket se ek in hânnaaimasine fan Singer. Dus in dûbele Omrop Help, dit kear.

Belje mei Omrop Help kin op 058 212 36 18 of mail nei geert@omropfryslan.nl. Appe of sms'e kin ek nei 06 20 499 199.

Wy belje sels efkes mei Robin van den Heuvel. Robin spilet yn de musical Spijt, dy't op 11 oktober yn premjêre giet. De musical jout omtinken oan pesten, en is basearre op it boek Spijt fan Carry Slee. Ek jeugd yn Fryslân kin meidwaan oan dizze musical troch mei te sjongen. Oant nije wike woansdei 23 septimber kin jeugd tusken de 12 en 18 jier in eigen opname nei de produsint stjoere fia de webside www.smovie.nl. De moaiste tsien ynstjoerings wurde útnoege yn Amsterdam en sjonge op de CD en yn de fideoclip.

En wy ha leuke gasten yn de studio. Jeltsje Kramer, Sepkje van der Vegt en Laura Cook sille moarn nei Frankryk. Dêr beklimme se op 19 septimber de Mont Ventoux foar it goede doel: stichting Make a Memory. Al in jier lang binne de trije froulju dwaande mei allerhanne aksjes om jild yn te sammeljen. En no is it safier! Benijd hoe't it mei harren giet? Sjoch op www.facebook.com/Op-e-trapers-voor-Make-a-memory-1549970751883463/timeline.

Fytsfroulju Laura, Jeltsje en Sepkje sille de Mont Ventoux beklimme

Aktrise Robin van den Heuvel oer de musical Spijt

13:10 - Magic - Rude
13:17 - Guus Meeuwis - Dankjewel
13:24 - Echosmith - Cool Kids
13:29 - Piter's Protters - Best Genoch
13:35 - Beand & Skep - Moai Waar
13:42 - Manau - La Tribu De Dana
13:50 - Will To Power - Baby, I Love Your Way
14:04 - Alphabeat - Fascination
14:11 - Douwe Bob - Sweet Sunshine
14:24 - Ilse Delange - So Incredible
14:27 - Ian Dury - Sex & Drugs & Rock & Roll
14:33 - Gabrielle - Rise
14:40 - Omi - Cheerleader
14:46 - Groove Department - Nije Dei
15:05 - Owl City & Carly Rae Jepsen - Good Time
15:11 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
15:24 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
15:27 - Wang Chung - Dance Hall Days
15:35 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
15:44 - Walk The Moon - Shut Up And Dance
15:51 - Amazing Stroopwafels - Ik Ga Naar Frankrijk
15:53 - Die Twa - Eachkontakt
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)