Geert yn de middei fan 15 oktober 2015 13:00

It is tongersdei, dus hjoed folgje wy wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch Fryslân. Ferline wike joech Jolanda Reitsma de koer troch oan Bouwe Bottinga út Drachten. Bouwe is ambuferpleechkundige. Hy stiet foar de minsken klear en docht dat op in waarme wize. Hy docht ek noch frijwilligerswurk yn Namibië, dat organisearre wurdt fanút Kijlstra ambulânseferfier. Dêr leide se minsken op as ferpleechkundigen. Fan 'e middei ha wy him oan de telefoan.

Nije wike is it de Fryske Muzyk Wike by Omrop Fryslân. En do makkest wer kâns op in live optreden by dy thús. Op de webside www.kommardel.nl kinsto meidwaan om in húskeameroptreden fan Gryts&Grize, Vangrail, Wiebe Kaspers, De Kast of Weima&Van der Werf te winnen. Wim Brons komt del om ús by te praten oer nije wike.

Learlingen út de tredde klasse fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert binne fan 'e middei tusken 12.00 en 15.00 oere de strjitte op gong om guod yn te sammeljen foar de flechtlingen dy't dizze wike nei it WTC Expo komme. En net samar guod, mar ûnderbroeken, sokken en slippers. Dat binne nammentlik de saken dêr't it Reade Krús noch in soad ferlet fan. Hoe is it gong? Wy belje efkes mei Janna Monsma, sy sit yn de tredde klasse op it Beyers Naudé.

No't de earste nachtfroast in feit is, slacht by de fanatike reedriders fansels it 'Alvestêdetocht-firus' wer ta. En hoe kin it ek oars: ek op social media meitsje wy elkoar de kop gek. Absolute koprinner is de facebookpagina fan Johan Berga, dy't foarseit dat it 19 febrewaris einliks wer ris heve sil! Al mear as 20.000 minsken folgje syn pagina, dêr't geregeld berjochten op ferskine. Soe 2016 dan einliks it jier wêze dat it grutste folksevenemint fan Fryslân wer plakfynt? Wy freegje it oan Johan sels.

De koer is by Bouwe Bottinga

Wim Brons fertelt oer de Fryske Muzykwike

Janna Monsma helle ûnderbroeken op foar flechtlingen

Gerrit de Boer fertelt oer syn reis nei Nepal

Johan Berga is klear foar de Alvestêdetocht yn 2016

13:11 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
13:18 - Santana - She's Not There
13:24 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:28 - Piter Wilkens - Timmermantsjoender
13:34 - Gabrielle - When A Woman
13:37 - Jess Glynne - Don't Be So Hard On Yourself
13:45 - Blof - Wat Zou Je Doen
13:50 - Aloe Blacc - The Man
14:06 - Jimmy Cliff - Wonderful World Beautiful People
14:13 - Joe Cocker - Unchain My Heart
14:29 - Bryan Adams - Run To You
14:36 - Bruno Mars - Locked Out Of Heaven
14:47 - De Kast - Zij Zweeft


15:06 - Cher - Love And Understanding
15:13 - Joe Jackson - Happy Ending
15:25 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
15:31 - Bee Gees - Night Fever
15:40 - Heart - All I Wanna Do Is Make Love To You
15:43 - Omi - Cheerleader
15:50 - Ub 40 - Kingston Town
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)