Geert yn de middei fan 15 juny 2015 13:00

    Geert siket fan 'e middei de muzikale grins op mei sjonger Jelle B. Oan de hân fan syn top trije mei platen út 60-tiger, 70-tiger en 80-tiger jierren dûke se werom yn it ferline en gean op syk nei moaie ferhalen.

    Fansels gean wy de grins wer oer. Sa belje wy mei Sierd Quarré, oarspronklik fan De Harkema. Hy wennet al wer in oantal jierren yn Meiningen, midden yn it Thüringer Wald. Meiningen is ien fan de wichtigste teaters fan Dútslân. Sierd wurket dêr foar de opera yn Das Meininger Theater. Sierd is koardirigent fan de opera.

    Ek ha wy kontakt mei de bruorren Romke en Jan-Auke Kooistra. Beide sitte foar staazje yn Kanada. De jonges wolle boer wurde en dogge harren bûtenlânstaazje by boeren yn Kanada. Hoe befalt it harren? Is it boerelibben dêr hiel oars of falt dat wol wat mei?

    Ek ha wy Marijke Hornstra wer efkes oan de telefoan. Marijke sit yn Ekwador en hâldt hjir mei har freon efkes in pitstop. Se wolle mear fan it lân en de kultuer sjen dus geane se hjir oan it wurk. Se wurkje yn Vilcabamba yn in grutte tún fol mei hearlike farske griente en fruit. Dizze wike sille se fierder reizgje nei it noarden.

    Ta beslút belje wy wer mei model Milou Groenewoud. Sy hie it foarige wike smoardrok en wie krekt ûnderwei nei in fotoshoot yn it bûtenlân. Hoe is dat gong? En is se noch wolris yn Fryslân?

    Sierd Quarré, dirigint operakoar yn Meiningen, Dútslân

    • Sierd Quarré, dirigint operakoar yn Meiningen, Dútslân

    Milou Groenewoud, Frysk model yn Parys

    • Milou Groenewoud, Frysk model yn Parys

    Nathalie Oliveiro en Daniëlle Paulusma fytse nei Santiago de Compostella

    • Nathalie Oliveiro en Daniëlle Paulusma fytse nei Santiago de Compostella

    Marijke's fytstocht

    • Marijke's fytstocht

    Romke en Jan Auke Kooistra, út Aldegea, rinne no staazje yn Kanada

    • Romke en Jan Auke Kooistra, út Aldegea, rinne no staazje yn Kanada
    13:10 - Roberto Polido Y Los Classicos - Una Rosa Para Mia Chica
    13:14 - Jelle B - De Pionier
    13:27 - Ricky Nelson - Hello Mary Lou
    13:32 - Foreigner - Cold As Ice
    13:36 - Jelle B & Esther Postma - Mij Ben Je Nu Kwijt
    13:45 - Janis Joplin - Mercedes Benz
    13:52 - Bon Jovi - Livin' On A Prayer
    14:04 - Shania Twain - That Don't Impress Me Much
    14:10 - Swiet & Bjuster - Fordson Dexta Blues
    14:20 - Gilbert O'sullivan - Matrimony
    14:24 - De Kast - Neem Me Zo
    14:27 - Foundations - Baby Now That I've Found You
    14:32 - Police - Can't Stand Losing
    14:42 - Dizzy Man's Band - The Opera
    14:51 - Jamie Cullum - Everlasting Love
    14:55 - Buddy Holly - Not Fade Away
    15:06 - Frankie Valli - Grease
    15:14 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    15:25 - Sytse En Hendrik Haima - Beppe Sei Noait Nee
    15:28 - Janse Bagge Band - Sollicitere
    15:33 - Paul Mccartney - Say Say Say
    15:44 - Diff - Jealousy
    15:53 - Patty Pravo - La Bambola
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)