Geert yn de middei fan 14 septimber 2015 13:00

    De muzikale ôftraap wurdt hjoed jûn troch nimmen minder as Jack Bottleneck. Dizze rauwe rocker stie fan 't simmer op hiel wat festivals en eveneminten. Hoe is dat befallen? En wat binne syn plannen foar de winter?

    Femke giet hjoed de grins wer oer en bellet mei ferskate Friezen yn it bûtenlân. Sa ha wy kontakt mei Gepke Poortinga. Sy wennet op it eilân Bathurst yn Australië, dêr't se au pair is yn in Aboriginal-community. En dêr belibbet se allerhanne aventoeren. Op har webside www.gepkepoortinga.nl/levenopeentropischeiland hâldt se elkenien op 'e hichte fan har ferhalen.

    En it wurdt in Poortinga famyljedei, want broer Ype Poortinga sit sûnt 23 augustus yn Jakarta. Hy is hjir dwaande mei in ûndersyk foar syn oplieding Bedrijfskunde MER oan de Hanze hegeskoalle yn Grins. Op 29 jannewaris ferwachtet Ype klear te wêzen en dan wol er noch graach efkes reizgje yn Jakarta.

    Model Milou Groenewoud is werom fan fakânsje op Baly. En dêr wie se hurd oan ta, nei al dy drokte mei fotoshoots. Yntusken is se al wer werom yn London en begjint it wurk wer. Wat foar klussen stean der yn de aginda? En mei sy krekt as ús ek lekker brún wurde of is dat net handich as model?

    En fansels belje wy wer efkes mei Marijke Hornstra. Ferline wike foel de ferbining oan de ein fan it petear samar fuort. Hooplik is it hjoed wer hersteld en ha wy wer efkes kontakt mei Marijke yn Bogota.

    Jack Bottleneck yn de studio

    • Jack Bottleneck yn de studio

    Gepke Poortinga yn Austraalje

    • Gepke Poortinga yn Austraalje

    Model Milou Groenewoud

    • Model Milou Groenewoud

    Marijke's fytstocht

    • Marijke's fytstocht

    Ype Poortinga

    • Ype Poortinga
    13:08 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
    14:06 - Jessie J. (Ft. B.O.B.) - Price Tag (Original Version, Mp3)
    14:11 - Listenbee - Save Me
    14:22 - Common Linnets - Hearts On Fire
    14:26 - Sam Smith - Stay With Me
    14:32 - Whitney Houston - I Wanna Dance With Somebody
    14:37 - George Ezra - Barcelona
    14:48 - Nick & Simon - Lippen Op De Mijne
    15:03 - Sheppard - Let Me Down Easy
    15:09 - Marc Cohn - Walking In Memphis
    15:23 - Iris Kroes - Thus
    15:26 - Tom Jones & Mousse T. - Sex Bomb
    15:32 - Melanie C - Never Be The Same Again
    15:44 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
    15:51 - Metallica - One
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)