Geert yn de middei fan 14 july 2015 13:00

    Wy binne fan 'e middei wer op syk nei moaie fakânsjeferhalen. Ha jo wat bysûnders meimakke yn de fakânsje of wat leuks belibbe, lit ús dat dan efkes witte. Belje nei 058-212 36 18 of mail nei Geert@omropfryslan.nl.

    Annie Adema fan De Tynje hat sa'n moai ferhaal. Se hat sûnt dizze simmer in bêd&brochje en in blommepluktún.
    Mei in besite oan in pluktún yn de buert fan Ommen yn har eigen fakânsje kaam se op it idee om sels ek sa'n tún te meitsjen. Se wenje no trije jier oan de Warrewei en ha in soart romte om hûs. Se hie dus wol romte om in eigen blommepluktún te begjinnen, lykas in bêd&brochje. De tún is no folop yn bloei. Har spesjaliteit is dahlia's (daljes). Se hat wol 30 ferskate soarten dahlia's yn de tún. Minsken kinne alle dagen tusken 8.00-20.00 oere delkomme en foar 5 euro har eigen bosk blommen plukke.
    En dit jier binne se dus ek mei in bêd&brochje begûn. Se ha in moaie pipowein op it hiem stean dêr't de gasten yn sliepe kinne.

    En we sjogge wêr't de jonges op de wetterfyts bedarre binne. Se sille de alvestêdetocht fytse op de wetterfyts en binne juster fan start gien yn Boalsert. Se binne alhiel net traind en it foel nei trije oeren net ta!!

    We jouwe foar trije kear acht persoanen in dei farren fuort mei Sail Amsterdam yn augustus. Jo kinne dat winne as jo de fraach dy't wy fan 'e middei op de radio stelle goed beantwurdzje. Antwurden kinne maild wurde nei: Geert@omropfryslan.nl

    Skûtsjeskipper Floriaan Zwart en de fraach oer Sail Amsterdam

    Wytse van der Schaar oer syn wetterfyts aventoer

    13:07 - Dwight Yoakam - Streets Of Bakersfield
    13:12 - Lunchmoney Lewis - Bills
    13:22 - Stranglers - Always The Sun
    13:31 - Piter Wilkens - Freonen Nij
    13:42 - Sir - No Te Niegues
    13:52 - Supertramp - It's Raining Again
    14:05 - Pink - Stupid Girls
    14:11 - Family Of The Year - Hero
    14:21 - Level 42 - Love Games
    14:29 - Bobby Vee - The Night Has A Thousand Eyes
    14:35 - Akcent - Kylie
    14:44 - Wax - Bridge To Your Heart
    14:55 - Cats - Magical Mystery Morning
    15:04 - Doobie Brothers - Listen To The Music
    15:09 - Kaoma - Lambada
    15:18 - Lost Frequencies - Are You With Me
    15:29 - Olivia Newton-John - Physical
    15:35 - Gotye (Ft Kimbra) - Somebody That I Used To Know
    15:42 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
    15:54 - Guus Meeuwis - Tranen Gelachen
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)