Geert yn de middei fan 14 april 2015 13:00

Omrop Help giet hjoed wer foar jo op syk nei allerhanne saken. Sa siket Alie Sinnema it boek 'Als het stille hart spreekt'. Se hat it boek eartiids oan har suster útliend, dy't doe yn it ferpleechhûs lei. Dêr is se it boek kwyt rekke, en Alie hat no allinnich noch it skutblêd.

De organisaasje fan de PC yn Frjentsjer is op syk nei in foto fan de allerearste kening fan dizze keatspartij. It giet om Auke Miedema, berne yn buorskip Kie by Frjentsjer. Hy wûn de PC mar leafst acht kear, mar waard mar ien kear kroand ta kening, yn 1883.

Klaas Kuyer sammelet al jierren âlde sigareblikjes fan it merk Cadena. Graach soe er syn samling fierder útwreidzje.

En Mark Bakkeland fan Ljouwert wol graach stripboeken mei de namme Bakkelandt hawwe. Dizze stripboeken binne makke troch syn famylje en hy wol as iennige stamhâlder graach dizze stripboeken weromfine.

Hawwe jo it boek fan Alie tafallich yn de kast stean? Witte jo immen dy't in foto hat fan Auke Miedema? Binne jo ek samler fan sigareblikjes en ha jo der guon oer? Of ha jo ea it stripboek Bakkelandt yn hannen hân?

Wy hearre it graach! Jo kinne jo reaksje maile nei geert@omropfryslan.nl of belje ûnder de útstjoering mei 058 299 7880. In sms'ke of appke stjoere kin fansels ek nei 06 20 499 199.

Johan de Jong fertelt wêrom't de Fryske einen wat 'suffich' binne

Jan Braaksma oer de syktocht nei de foto fan keatskening Auke Miedema

13:08 - Norah Jones - Creepin' In
13:14 - Hozier - Take Me To Church
13:21 - Causes - Teach Me How To Dance With You
13:28 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
13:35 - Paul Mccartney - My Brave Face
13:41 - Diggy Dex Ft. Eva De Roovere - Slaap Lekker (Fantastig Toch)
13:45 - James Bay - Hold Back The River
13:54 - Ernst Langhout - De Tiden Feroarje
14:04 - Jewel - No Good In Goodbye
14:11 - Years & Years - King
14:15 - Edwin Evers Band - Ik Meen Het
14:26 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
14:29 - Sam & Dave - Soulman
14:35 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
14:43 - Gerben Boots - Ik Gean Kapot Oan Dy
14:46 - Imagine Dragons - On Top Of The World
15:04 - 10 Cc - Good Morning Judge
15:09 - Seal - Crazy
15:12 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
15:19 - Rauzer - De Ballen
15:23 - Taylor Swift - Style
15:27 - Acda En De Munnik - Het Regent Zonnestralen
15:33 - Aretha Eurithmics, Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
15:40 - Robbie Williams - The Road To Mandalay
15:47 - The Secret (Liet 2006) - Nim My Mei
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)