Geert yn de middei fan 13 oktober 2015 13:00

    It is tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. As earste sille wy tegearre mei biograaf Karst Tjoelker sykje nei in bysûndere man út Eastermar. It giet om Wolbert Huizinga (1922), dy't yn de jierren fyftich dûnslessen joech oan minsken út Eastermar en omkriten. Hy ferstoar yn 1998. Karst siket minsken dy't Huizinga kend hawwe en noch moaie ferhalen oer him witte.

    Musikus Jan Vermaning is drok dwaande mei in trochstart foar it salonorkest 'De Dilettant'. Dit orkest bestie rûn 1919 hinne. It liket Vermaning prachtinch om in trochstart te meitsjen ûnder deselde namme, mar dat net allinnich. Ek wol er de oarspronklike klean wer oandwaan!

    De juffen en masters fan ibs De Toverbal yn Sint Anne sykje it printeboek "Koen wil een wolk". Dit is in útjefte fan De vier windstreken, mar gek genôch is dit boek nearne mear te besetten. Op De Toverbal sitte in soad asylsikersbern fan it azc yn it doarp. Rinze Kooistra leit út wêrom't it sa belangryk is om dit boek te finen.

    En wy krije trije leuke gasten yn de studio! Marije Verbeek út Blije, Eelkje Visser út Wâlterswâld en Lisa Miedema út Ferwert sille yn jannewaris nei it Afrikaanske lân Simbabwe. De froulju binne treddejiers studinten ferpleechkunde oan de NHL en sille yn Simbabwe in medysk projekt opstarte. Dêrfoar ha se fansels jild nedich, dus de kommende moannen hâlde se folop aksjes.
    Sjoch op harren facebook side: www.facebook.com/medischprojectzimbabwe2016.

    No sneon 17 oktober is it Genealogyske Dei. Dan sil der in webside de loft yngean wêrop't minsken sykje kinne nei in oansluting fan har eigen foarfaar mei neiteam út de famylje fan Grutte Pier. Doel fan de syktocht is om yn de simmer fan 2016 in famyljereüny te hâlden fan it neiteam út de famylje fan Grutte Pier. Wy belje efkes mei Theo Kuipers fan Tresoar.

    Marije Verbeek, Eelkje Visser en Lisa Miedema oer harren projekt yn Zimbabwe

    • Marije Verbeek, Eelkje Visser en Lisa Miedema oer harren projekt yn Zimbabwe

    Gerrit de Boer út Nepal

    • Gerrit de Boer út Nepal

    Theo Kuiper fan Tresoar oer de genealogyske dei

    • Theo Kuiper fan Tresoar oer de genealogyske dei

    13:10 - Willy Nelson & Miles, Heather - Don't Call Me
    13:13 - Ph.D. - I Won't Let You Down
    13:21 - Rupert Holmes - Escape (The Pinacolada Song)
    13:26 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
    13:33 - Graig Mclachlan & Check 1-2 - Mona
    13:42 - Jaap Louwes - In Drinkliet (Cd Fratsen)
    14:06 - Tanita Tikaram - Good Tradition
    14:11 - Bruce Springsteen - Hungry Heart
    14:20 - Billy Joel - The River Of Dreams
    14:31 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
    14:37 - Kid Rock - All Summer Long
    14:46 - Animals - House Of The Rising Sun
    14:50 - Donna Summer - State Of Independence
    15:05 - London Beat - I've Been Thinking About You
    15:10 - 10 Cc - Feel The Love
    15:20 - Sheppard - Geronimo
    15:28 - Mike & The Mechanics - Over My Shoulder
    15:34 - Chicago - 25 Or 6 To 4
    15:42 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)