Geert yn de middei fan 13 maaie 2015 13:00

    Geert van Tuinen fleant der hjoed wer út. Dit kear kaam de pylk op Terwispel, dus Geert siket nijsgjirrige saken yn dit doarp. Ha jo in moai ferhaal of witte jo in plak dêr't Geert efkes sjen moat fan 'e middei? Lit it ús witte op geert@omropfryslan.nl of sms of app nei 06 20 499 199. Belje kin fansels ek nei 058 299 7880.

    En wy ha hjoed wol hiel nijsgjirrige gasten yn de studio. Madison Worthy en Miriam Engle út Amearika fytse fan Kopenhagen nei Barcelona. Underweis gean se op besite by ferskate FabLab's. Dit binne mobile laboratoarium's, dêr't jo technyk leare kinne. Hoe meitsje jo in app, hoe reparearje jo in laptop? Femke de Walle freget se wat harren doel is. Benijd nei it ferhaal fan de froulju? Sjoch op www.madulthood.com.

    En wy belje mei Elbe Stevens. Hy is regisseur by de film De Smeerlappen en hy siket noch in Fryske aktrise foar de haadrol fan Eelkje. Bisto tusken de 18 en 24 jier en hâldst fan aktearen? Jou dy dan op fia de webside: www.noordelijkfilmfestival.nl/nieuws/gezocht-friese-actrice

    Regisseur Elbe Stevens siket in Fryske aktrise

    • Regisseur Elbe Stevens siket in Fryske aktrise

    Germ Stenekes rint de kuieralvestêdetocht

    • Germ Stenekes rint de kuieralvestêdetocht

    Madison en Miriam wienen yn de studio

    • Madison en Miriam wienen yn de studio

    It beweechbere hûs fan Henk en Klaasje Pijlman

    • It beweechbere hûs fan Henk en Klaasje Pijlman

    De dowen fan Willem de Wal

    • De dowen fan Willem de Wal

    Trije generaasjes De Boer drok oan it wurk op de pleats

    • Trije generaasjes De Boer drok oan it wurk op de pleats

    Sytze Jonker fan leanbedriuw Jonker

    • Sytze Jonker fan leanbedriuw Jonker

    Kroechbaas Jolke Nijenhuis

    • Kroechbaas Jolke Nijenhuis
    13:07 - Omi - Cheerleader
    13:12 - Edwin Evers Band - Ik Meen Het
    13:18 - Lost Frequencies - Are You With Me
    13:29 - Country Wytske & Anneke Douma - Al Gie Us Libben Net Oer Roazen
    13:35 - Ub 40 - Maybe Tomorrow
    13:42 - Fools Garden - Lemon Tree
    13:53 - Gurbe Douwstra - Jou My In Tut
    14:04 - John Newman - Love Me Again
    14:10 - Racoon - Guilty
    14:23 - Stevie Wonder - I Wish
    14:27 - Vanvelzen - Too Good To Lose
    14:34 - Lunchmoney Lewis - Bills
    14:45 - Aretha Franklin - Think
    14:54 - Auke Busman - Time Flies
    15:04 - Kylie Minogue - Can't Get You Out Of My Head
    15:10 - Causes - Teach Me How To Dance With You
    15:13 - Christians - Harvest For The World
    15:17 - Dijk - Mag Het Licht Uit
    15:21 - Of Monsters And Men - King And Lionheart
    15:26 - Eddy Dykstra - Op 'e Jouwer
    15:32 - Jess Glynne - Hold My Hand
    15:45 - Marcel Smit - Omstekeard (Album Fersy)
    15:52 - Andrea Bocelli - Vivo Per Lei
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)