Fytsalvestêdetocht fan 10 juny 2019 08:00

Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht, Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. De hiele dei docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Lennie Bronsveld op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Fytsalvestêdetocht

Oerdei binne we der by en jûns in kompilaasje fan de registraasje fan de Fytsalvestêdetocht fan 2019.
(advertinsje)