FryslânDOK fan 8 augustus 2021 17:00

Beklimmers fan it flakke lân diel 5: It doarp fan de takomst

In protte minsken wolle neat leaver as yn in doarp wenje. Hoe kinst dy tûzenen doarpen op it plattelân de bêste takomst jaan? Yn de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' siket Fryslân DOK minsken op dy't in nij ferhaal skriuwe foar de takomst fan it plattelân. It giet om inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, mar wol op basis fan grutte ideeën en idealen. Nei eardere ôfleveringen oer lânskip, natuer, lânbou en sûnens, giet it yn ôflevering 5 oer 'it doarp fan de takomst'.

De krêft fan it doarp

Ryksboumaster Floris Alkemade is derfan oertsjûge dat it plattelân in wichtige rol spilet yn fernijing, by krúsjale tema's as enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken yn lytse ferbannen elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen.

Feanwâlden en it doarp fan de takomst

In doarp dat hurd oan 'e gong is mei fersterking en fernijing is Feanwâlden. Troch de oanlis fan de nije 'Sintrale As' waard de dyk dy't dwers troch it doarp rint oerstallich. Op it frijkommen terrein komt gjin oare dyk en ek gjin huzen, mar in park-eftich transfearium, dêr't reizgje, rekreëarje en flekswurkje mei elkoar ferbûn wurde.

Feanwâlden wurket dêrby gear mei arsjitekteburo Karres en Brands, dat yn Denemarken mei-ûntwerper is fan 'it doarp fan de takomst': in hiel nij boud doarp dat foldocht oan alle moderne ynsichten fan kwaliteit fan libjen yn in doarp.

Podcast
FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Dy 'Ferhalen fan it flakke lân' wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Se binne te finen fia de bekende podcast-apps en op de webside fan Omrop Fryslân.

Werhelling op TV
Fan 10 july oant en mei 5 septimber stjoert FryslânDOK de njoggen ôfleverings fan 'Beklimmers fan it flakke lân' nochris út. Alle sneonen by NPO2 en de sneins by Omrop Fryslân.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)