FryslânDOK fan 7 novimber 2021 17:00

Bûter, brea en swarte bledsiden

Nei oanlieding fan de 70-jierrige betinking fan 'Kneppelfreed' presintearret FryslânDOK yn novimber fjouwer dokumintêres oer Fryske skiednis, taal en identiteit. De earste is 'Bûter, brea en swarte bledsiden', oer de skaadkant fan de Fryske held Grutte Pier.

De Fryske frijheidsstrider Grutte Pier (Pier Gerlofs Donia, ca. 1480-1520) wurdt troch in protte Friezen sjoen as in ikoan. Syn krêft, rjochtlinichheid en ferset tsjin bûtenlânske ynminging appellearret sterk oan gefoelens fan grutskens en autonomy. Mei syn leger fan boeren en hierlingen 'De Arumer Zwarte Hoop' focht Grutte Pier tsjin 'de Hollanners' foar in ûnôfhinklik Fryslân. Hy soe in enoarme keardel west hawwe. Dat byld, fan in twa meter lange boer mei in grut swurd fan seis kilo, makket syn heldhaftich optreden noch fabeleftiger. De útspraak 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries' wurdt taskreaun oan Grutte Pier. Sa wist er oft hy mei Hollanners of Friezen te krijen hie.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)