FryslânDOK fan 5 septimber 2021 17:00

Beklimmers fan it flakke lân diel 9: 'Groeten uit Friesland'


Fryske folkloare en tradysjes, fersterkje dy de regio? Of binne it bongels oan de poat dy't de foarútgong tsjinhâlde? Yn 'Groeten uit Friesland' ûndersiket FryslânDOK de wearde fan tradysjes yn de moderne tiid. 

Yn de simmer tilt de provinsje wer op fan de tradisjonele sporten en folkloristyske aktiviteiten. Skûtsjes sile oer de marren, keatsers stean yn it perk, skotsploegen en ringstekkers hawwe de knappe klean wer oan. Diel 9 fan 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer Fryske kultuer.

Hylpen
De dracht, it skilderwurk en de eigen taal binne saken om grutsk op te wêzen, fine se yn Hylpen. Yn de 17de en 18de iuw befearen de skippers de seeën en namen guod mei nei hûs oeral wei. Dy Hylper kultuer wie dêrmei it produkt fan in iepen blik op de wrâld. Dochs sjogge we hjoed-de-dei it skilderwurk en de klean krekt as 'lokaal' en 'âlderwetsk'. De Feriening Aald Hielpen besiket om mei nije aktiviteiten jongeren oan har te binen. Want it dragen fan Hylper klean mei net allinnich in keunstke foar toeristen wêze, mar moat ek yn de siel fan de Hylpers sitten bliuwe. Yn FryslânDOK sjogge we ek de Hylper skilder Titus Stallmann dy't de tradisjonele skilderkeunst ûntwikkelje wol foar de takomst.

Keatsen 
Sjoernalist Ate de Jong rint simmerdeis it leafst hiele dagen op it keatsfjild om, en hy genietet fan de sport en de ferhalen. It is in romantyske, mar ek konservative wrâld. Tagelyk makke De Jong him yn syn wurk altyd hurd foar oare kulturele minderheden. Mei FryslânDOK praat De Jong oer de tsjinstelde krêften dy't er fielt tusken syn wurk en syn leafde foar it keatsen.

Podcast
FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Dy 'Ferhalen fan it flakke lân' wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Se binne te finen fia de bekende podcast-apps en op de webside fan Omrop Fryslân.

Werhelling op TV
Fan 10 july oant en mei 5 septimber stjoert FryslânDOK de njoggen ôfleverings fan 'Beklimmers fan it flakke lân' nochris út. Alle sneonen by NPO2 en de sneins by Omrop Fryslân.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)