FryslânDOK fan 5 desimber 2021 17:00

FryslânDOK -  Waarom niet naar Wyldemerk?
 

De measte Molukkers dy't yn de jierren fyftich nei Nederlân kamen, wiene kristlik. Foar de moslimfamyljes waard yn Súdwest Fryslân in eigen kamp oprjochte: Wyldemerk. Mar it moslimgesin Manuputty woe dêr net hinne en bleau achter yn Drinte. Nikki Manuputty (1989) besiket dat beslút in plak te jaan yn har libben. De FryslânDOK 'Wêrom net nei Wyldemerk?' is te sjen op 4 desimber by NPO2 en op 5 desimber by Omrop Fryslân.

'Wêrom net nei Wyldemerk?' is in film fan regisseur Anne van Slageren oer de persoanlike syktocht fan in 32-jierrige frou nei har Molukske famyljeskiednis. Nikki Manuputty besiket te achterheljen wat der skûl gie achter dy wegering fan har pake om mei te gean mei de oare moslimgesinnen nei kamp Wyldemerk. Foar har heit, mar ek foar harsels, de folgjende generaasje, hat dat beslút gefolgen hân. Se freget har ôf oft har eigen gefoelens fan útsluting en 'der net by hearre' hjirwei komme.

Unike bylden fan moskee út de jierren '50
Yn de film binne bylden út de jierren fyftich fan it kamp Wyldemerk by Balk te sjen. Yn 1956 waard der in moskee boud. It wie nei Den Haag de twadde moskee fan Nederlân, mar de earste echt nijboude, mei in minaret dêrneist. It is bysûnder dat dy filmbylden, mei sels dêrby in gebedstsjinst, bewarre bleaun binne.

Fries Film en Audio Archief
Op 11 novimber is dizze FryslânDOK yn premjêre gien op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Dêrby binne de âlde filmbylden fan Wyldemerk oanbean oan Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief.
 

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)