FryslânDOK fan 31 july 2021 21:00

In jier EPKE, it begjin fan de karriêre fan ús 'Flying Dutchman'

The Flying Dutchman', 'De liuw fan Lemmer', ferlizzer fan grinzen: Epke Zonderland hat dizze wike in punt achter syn glânsrike turnkarriêre setten. Nei oanlieding dêrfan stjoert Omrop Fryslân op sneon 31 july de dokumintêre 'In jier EPKE' út, oer it begjin fan syn karriêre en syn wei nei Peking.

Yn de dokumintêre folge Omrop Fryslân Zonderland in jier lang, yn 2008. De doe noch jonge turner wurke him doe syn wei nei de Olympyske Spelen yn Peking. Dat begûn allegear yn Stuttgart op it WK. Dat er himsels dêr pleatst hie foar de Olympyske Spelen, koe er doe ek noch net goed befetsje: "It is echt ûngelofelik, de iennige Nederlânske turner op dit momint dy't derhinne giet. Dat ik dat bin. Dat is hiel apart!"

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)