FryslânDOK fan 29 augustus 2021 17:00

Beklimmers fan it flakke lân diel 8: 'Bezint eer ge begint'


It plattelân is by útstek it plak foar spiritualiteit. De stilte biedt romte foar rêst en besinning. Kin Fryslân dêr net mear mei dwaan, is de fraach yn 'Bezint eer ge begint', diel 8 fan de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. 

Yn de jierren 70 kamen de earste hippys nei Hantum. In hillich en bysûnder krêftich plak, seit Sherab, de behearder fan it Tibetaansk boeddhistysk sintrum. Jierliks reizgje hûnderten minsken nei Hantum om te meditearjen en te bekommen. It leit hielendal op 'e romte. It is der stil.

Ut 'e tiid stappe

Neffens filosoof Joke Hermsen binne stilte, kalmte en oandacht belangrike betingsten foar kreativiteit en helder tinken. Minsken wurde hjoed-de-dei sa opjage troch de klok, dat se it risiko rinne op in burn-out. We moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dy 'tuskentiid' ha wy nedich.

Ferfallene pleats wurdt kleaster

Nijkleaster yn Jorwert is in mienskip dy't siket nei nije wegen foar leauwen en spiritualiteit. Dûmny Hinne Wagenaar is ien fan de inisjatyfnimmers. De mienskip bout in âld pleats om ta in modern kleaster mei fêste bewenners, dêr't gasten ek wolkom binne.

Besinningstoerisme yn Skettens

Ek de Bêd & Brochje yn de tsjerke fan Skettens lûkt minsken dy't sykje nei spiritualiteit en besinning. Se sliepe yn de toer en ite it moarnsbrochje yn de konsistoarje. It tsjerkebestjoer neamt de tsjerke 'Us Stille Misjonaris'.

Podcast
FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Dy 'Ferhalen fan it flakke lân' wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Se binne te finen fia de bekende podcast-apps en op de webside fan Omrop Fryslân.

Werhelling op TV
Fan 10 july oant en mei 5 septimber stjoert FryslânDOK de njoggen ôfleverings fan 'Beklimmers fan it flakke lân' nochris út. Alle sneonen by NPO2 en de sneins by Omrop Fryslân.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)