FryslânDOK fan 26 desimber 2021 18:00

Dûnsje mei de tiid :

Mei syn eksellinte fakmanskip mocht de Fryske klokmakker Johan ten Hoeve by it Londenske klokmakkersgilde komme. Net allinnich de klokken, ek tiid is kostber, wit Johan.

Johan ten Hoeve (1984) groeide op 'e Jouwer op, tusken de oerwurken en masines fan syn heit, de bekende klokmakker Jacob ten Hoeve. Johan folge de prestizjeuze stúdzje 'Clocks Conservation and Restoration' oan it West Dean College yn Ingelân. Hy fêstige dêr syn namme mei it meitsjen fan in replika fan in 'Tompion Clock' foar The Royal Observatory yn Greenwich, it plak fan de ynternasjonale nulmeridiaan dat 2 miljoen minsken jierliks besykje.

Freeman
Yn syn wurkpleats yn Londen wurket Johan oan opdrachten fan oer de hiele wrâld. Hy is 'freeman of the city', in titel dy't er krige doe't er opnommen waard yn de Worshipful Company of Clockmakers, it Londens klokmakkersgilde. Regisseur Murk Jaep van der Schaaf en kameraman Gerko Jonker litte yn detail de keunst fan it klokmeitsjen sjen.

Tiidleas
'Dûnsje mei de tiid' giet ek oer Johan syn tawijing. Hy wol alles út it libben helje, omdat hy wit datst de regy dêroer ek samar ferlieze kinst.
Yn 2015 is dizze FryslânDOK earder útstjoerd, mar it is in tiidleas dokumint.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)