FryslânDOK fan 23 maaie 2021 17:00

Beklimmers fan it Flakke Lân - The wisdom of the crowd
 

Friezen hawwe in lange histoarje mei demokrasy. Yn de Midsiuwen wienen de Fryske lannen de iennichste regio yn West-Europa dy't net ûnder in sintraal feodaal gesach lei. Sterker, de Friezen hienen net iens in eigen sterk sintraal bestjoer. Mei lokaal oerlis en útwikseling fan ideeën kamen de ynwenners ta har besluten. No't de lanlike polityk yn in fertrouwenskrisis sit en omdat de ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haach tanimt, soe Fryslân wolris in ideaal plak wêze kinne om te eksperimentearjen mei nije foarmen fan demokrasy. It soe de boarger tichter by it bestjoer bringe kinne - of oarsom.

Boargers dy't meiprate: Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol Fryslân en Seelân oanwize as laboratoria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg fynt dat de tanimmende macht fan 'tuskenlagen' lykas de Veiligheidsregio in bedriging foarmje foar de demokrasy. Neffens him moatte ditsoarte útfieringsorganen ûnderbrocht wurde by it provinsjebestjoer.

Riejanne Bouma fan Warns wol in stap fierder. Sy tinkt dat boargers direkt meiprate moatte oer grutte maatskiplike besluten. Bouma wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Friese Burgertop yn 2020.

Johannes Lankester fan Loëngea helpt inisjatyfnimmers mei nije ideeën har paad te finen yn it labyrint fan regels en wetten dy't oerheden klearlizzen ha om de fernijers te ûntmoedigjen. Lankester set 'm yn om oerheid en inisjatyfnimmers mei elkoar te ferbinen, soms by de klippen op.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)