FryslânDOK fan 22 augustus 2021 17:00

Beklimmers fan it flakke lân diel 7: 'The wisdom of the crowd'

Is Fryslân de ideale proeftún om te eksperimintearjen mei demokratyske fernijing? Dy fraach besiket FryslânDOK te beäntwurdzjen yn diel 7 fan Beklimmers fan it flakke lân.

Friezen hawwe in lange histoarje mei demokrasy. Yn de Midsiuwen wienen de Fryske lannen de iennichste regio yn West-Europa dy't net ûnder in sintraal feodaal gesach lei. Sterker, de Friezen hienen net iens in eigen sterk sintraal bestjoer. Mei lokaal oerlis en útwikseling fan ideeën kamen de ynwenners ta har besluten. No't de lanlike polityk yn in fertrouwenskrisis sit en omdat de ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haag tanimt, soe Fryslân wolris in ideaal plak wêze kinne om te eksperimintearjen mei nije foarmen fan demokrasy.

Boargers dy't meiprate
Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg fynt dat de tanimmende macht fan 'tuskenlagen' lykas de Veiligheidsregio in bedriging foarmje foar de demokrasy.

Riejanne Bouma fan Warns wol in stap fierder. Sy tinkt dat boargers direkt meiprate moatte oer grutte maatskiplike besluten. Bouma wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Friese Burgertop yn 2020.

Johannes Lankester fan Loaiïngea helpt inisjatyfnimmers mei nije ideeën har paad te finen yn it labyrint fan regels en wetten dy't oerheden klearlizzen ha om de fernijers te ûntmoedigjen.

Podcast
FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Dy 'Ferhalen fan it flakke lân' wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Se binne te finen fia de bekende podcast-apps en op de webside fan Omrop Fryslân.

Werhelling op TV
Fan 10 july oant en mei 5 septimber stjoert FryslânDOK de njoggen ôfleverings fan 'Beklimmers fan it flakke lân' nochris út. Alle sneonen by NPO2 en de sneins by Omrop Fryslân.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)